Toronto Star: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L korr
Rigel 32:
Koart foar syn [[dea]], yn [[1948]], droech Atkinson, dy't tsjin dy tiid de mearderheid fan 'e [[oandiel (beurs)|oandielen]] fan 'e ''Star'' yn eigendom hie, syn mearderheidsbelang oer oan in [[goeddiedichheid]]sorganisaasje dy't fan him de opdracht krige om 'e krante yn deselde [[tradysje]] fuort te setten. In jier letter, yn [[1949]], naam it [[parlemint]] fan 'e [[Kanadeeske provinsje]] [[Ontario]] lykwols in [[wet]] oan dy't it goeddiedichheidsorganisaasjes ferbea om oandielen fan [[bedriuw]]en mei in [[winst]]eachmerk yn besit te hawwen. Dêrtroch moast de ''Star'' ferkocht wurde. De fiif behearders fan 'e organisaasje omsylden de wet lykwols troch de krante yn harren eigen namme oer te nimmen en dêrnei plechtich te ûnthjitten dat se de krante yn Atkinson syn geast fuortsette soene. [[Neikommeling]]en fan 'e oarspronklike fiif eigners, dy't bekendsteane as "de fiif famyljes", hawwe anno [[2017]] noch altyd de mearderheid fan 'e oandielen fan 'e ''Star'' yn besit.
 
Yn [[1971]] krige de krante offisjeel de namme fan ''The Toronto Star''. Tagelyk waard de hiele ûndernimming doe ferhuze nei in modern [[fletgebou]] oan [[One Yonge Street]], dêr't de krante noch altyd fêstige is. Yn [[septimber]] [[2002]] waard it [[lidwurd]] ''The'' út 'e namme falle litten. Yn [[maaie]] [[2007]] waard de krante folslein fernijd, mei as wichtichste feroarings: smellere [[side (papier)|siden]], in grutter [[lettertype]], minder en koartere [[artikel (publikaasje)|artikels]], mear pleatslik [[nijs]] en minder ynternasjonaal nijs, [[kollumn]]s en opinystikken. Dêr kaam lykwols sa'n [[krityk]] op, dat de ''Star'' per [[1 jannewaris]] [[2009]] alle feroarings weromdraaide.
 
==Keppelings om utens==