Noardfryske Feriening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side
Rigel 36:
Der bestiet fierders in nauwe gearwurking tusken de NFV en de ''[[Heimatbund Landschaft Eiderstedt]]'' ("Streekferiening Lânskip Eiderstedt"), de regionale feriening fan it al lang net mear Noardfrysktalige [[skiereilân]] [[Eiderstedt]], dat súdlik fan it 'echte' [[Noard-Fryslân]] leit, mar noch wol binnen de grinzen fan 'e ''[[Kreis]]'' Noard-Fryslân. Dy gearwurking leit ek nochal foar de hân, want beide organisaasjes komme fuort út deselde folkloristyske tradysje. De HLE hat sa'n 800 leden. Sawol de NFV as de HLE wurkje nau gear mei de gruttere regionale feriening dy't de hiele dielsteat beslacht, de ''[[Schleswig-Holsteinischer Heimatbund]]'' ("Sleeswyksk-Holsteinsk Streekferiening").
 
Boppedat hawwe de NFV en de HLE, tegearreyn 'e mande mei de [[Friisk Foriining]], de Feriening fan it [[Noardfrysk Ynstitút]] en de gemeente [[Hilgelân]] sitting yn 'e ''Frasche Redj'' of ''Freeske Räid'' ("[[Noardfryske Ried]]"). Dat is in organisaasje dy't him ynset foar it behâld fan 'e [[Noardfryske taal]], kontakten mei oare [[minderheid|minderheden]] yn [[Dútslân]] ûnderhâldt en dy't de Noardfryske seksje fan 'e [[Fryske Ried|Grutfryske Ried]] foarmet.
 
==Keppelings om utens==