Likenis fan de Ferlerne Soan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 1:
[[File:'Prodigal's Return' by Sir Edward John Poynter, 1869.jpg|thumb|250px|De heit ferwolkomst syn ferlerne soan (Sir Edward John Poynter, 1869)]]
De '''Likenis fan de ferlerne Soan''' is in [[parabel]] fan Jezus yn it [[Nije Testamint]]. It ferhaal stiet yn it [[evangeelje]] fan [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] (15:11-32).
 
== De likenis ==
De likenis giet oer in heit en twa soannen. De jongste soan wol de wrâld yn en freget it erfdiel fan syn heit op. It besit dat him oerdroegen wurdt fermakket er ta jild en dan giet er op reis. Hy nimt it der goed fan en fergriemt de sinten oan froulju en feesten, mar it jild rekket op en as it lân dan ek noch troch in hondersneedhongersneed troffenrekke wurdt, moat er bargen hoedzje om troch de tiid te kommen. Hy soe mar wat graach wat ha wolle fan wat er de bargen te iten jout, mar dat wurdt him net tastien. Op it lêst giet er beroufol werom nei hûs en freget syn heit oft er lykas syn feinten foar him wurkje mei; hy fertsjinnet ommers net mear om in soan neamd te wurden. Mar syn heit is optein dat er werom is en lit him yn moaie klean stekke. Dêrby lit de heit ek noch ris it bêste keal slachtsje en in grut feest tariede. De âldste soan wurke noch op it lân, mar doe't er tichterby hûs kaam en it trelit hearde frege er ien fan de feinten wat der oan de hân wie. Ferheard hearde er dat syn broer werom wie en dat der dêrom in grut feest organisearre waard. Lilk rûn er nei syn heit en frege dy hoefolle jierren hy al net trou al it wurk dien hie dat him opdroegen wie, sûnder dat er ea sels mar in bokje krige om ris in feestmiel mei syn kammeraden te hâlden. Wylst syn broer wyldsinnich al it jild der troch jage hie, waard der no foar him it bêste keal slachte. Syn heit besocht him del te bêdzjen en sei dat al it besit dat er besiet ek fan him wie. Mar syn jongste soan wie dea mar no wer libben; hy wie ferlern mar waard werom fûn.
 
== Kontekst en útlis ==
De Ferlerne Soan is de lêste fan trije likenissen op in rige yn it evangeelje fan Lukas oer ferlies en ferlossing. Oan de Ferlerne Soan geane de likenissen fan it [[Likenis fan it Ferlerne Skiep|Ferlerne Skiep]] en de [[Likenis fan de Ferlerne Drachme|Ferlerne Drachme]] foarôf. Jezus fertelde dizze likenissen nei't [[Fariseeër]]s en learaars Him ferwieten Him mei sûnders ôf te jaan. De tradisjonele útlis is dat de ferlerne soan stiet foar de minsken dy't it ferkearde paad kieze. It wie al in skandaal dat hy it erfdiel opeaske, ferfolgens smiet er it jild oer de balke en moast er doe't er ta reapsein wie ek noch ris ûnreine bisten fersoargje. Hy toande lykwols oprjocht berou doe't er wer thús kaam. De hâlding fan de heit dy't sûnder ferwiten syn soan ferwolkommet wjerspegelet de leafde en genede fan God. . De [[Fariseeërs]] wurde fertsjintwurdige troch de âldste soan, dy't nea fan it rjochte paad ôfwykte en dêrom ek mar min begripe koe wêrom't de heit sa'n soad opsette by it weromkommen fan syn jongste soan.
 
== Keppeling om utens ==