Keninkryk Ingelân: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
nije side |
oanf |
||
Rigel 32:
It Keninkryk Ingelân besloech it súdlike diel fan it [[eilân]] [[Grut-Brittanje (eilân)|Grut-Brittanje]]. It waard yn it easten begrinzge troch de [[Noardsee]], yn it [[súdeasten]] troch it [[Nau fan Kalês]], yn it [[suden]] troch [[It Kanaal]], yn it [[súdwesten]] troch de [[Keltyske See]] en yn it [[westen]] troch de [[Ierske See]] en it [[Prinsdom Wales]]. Dat gebiet waard lykwols yn [[1282]] ferovere en by Ingelân foege. Yn it [[noarden]] grinzge Ingelân oan it [[Keninkryk Skotlân]]. Nei't yn [[1092]] [[Kumbria]] by Ingelân kaam te hearren folge dy [[grins]] fierhinne deselde rin as dy tusken de hjoeddeiske [[Grut-Brittanje|Britske]] lânsdielen [[Ingelân]] en [[Skotlân]], útsein dat de [[stêd]] [[Berwick-upon-Tweed]], oan 'e [[Noardsee]]kust, oarspronklik by Skotlân hearde en pas yn [[1482]] foargoed oan Ingelân tafoel.
[[File:Statue d'Alfred le Grand à Winchester.jpg|left|thumb|180px|It [[stânbyld]] fan [[Alfred de Grutte]] yn [[Winchester]].]]
==Skiednis==
===Oarsprong===
It Keninkryk Ingelân kaam fuort út in stadige feriening fan 'e [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] [[keninkriken]] út 'e [[Iere Midsiuwen]], dy't bekend steane as de [[Heptargy]]: [[Keninkryk East-Anglia|East-Anglia]], [[Keninkryk Mercia|Mersia]], [[Keninkryk Noardumbrje|Noardumbrje]], [[Keninkryk Kent|Kent]], [[Keninkryk Esseks|Esseks]], [[Keninkryk Susseks|Susseks]] en [[Keninkryk Wesseks|Wesseks]]. De [[ynfallen fan de Wytsingen]] diene yn 'e [[njoggende iuw]] it iuwenlang beholden lykwicht tusken dy keninkrykjes teneate, mei as gefolch dat Wesseks de oare leden fan 'e Heptargy oermânsk waard. Yn [[825]] waarden Kent en Susseks troch Wesseks [[anneksaasje|anneksearre]], en yn [[827]] ûnderwurp [[Egbert fan Wesseks]] boppedat ek noch Noardumbrje, sadat er, sij it foar koarte tiid, de earste kening waard dy't oer hiel Ingelân regearre.
Nei in nije, grutskalige ynvaazje troch de [[Wytsingen]] wist de sterke [[Keninkryk Wesseks|Westsaksyske]] kening [[Alfred de Grutte]] yn [[886]] [[Londen]] te weroverjen. Dat wurdt wol beskôge as de stifting fan in feriene Ingelân, mar dat wie it feitliks net. Neitiid waard Noardumbrje ferskate kearen troch de keningen fan Wesseks 'befrijd' en wer beset troch de [[Noaren (folk)|Noaren]], oant it yn [[954]] foargoed ferovere waard troch kening [[Edred fan Ingelân]]. Om dyselde tiid hinne gie [[Lothian]], dat altyd diel útmakke hie fan Noardumbrje, foargoed ferlern oan [[Keninkryk Skotlân|Skotlân]]. Op [[12 july]] [[927]] kamen alle Angelsaksyske keningen gear te [[Eamont]], yn [[Kumbria]], dêr't se [[Atelstan fan Ingelân|Atelstan fan Wesseks]] erkenden as kening fan 'e [[Ingelsen]]. Dat wie it slútstik fan in ferieningsproses dat mear as in [[iuw]] duorre hie, en it kin beskôge wurde as de wiere stifting fan it Keninkryk Ingelân.
[[File:Cnut_1014_1035.jpg|right|thumb|220px|It [[Noardseeryk]] fan [[Knút de Grutte]] ([[1014]]-[[1035]]).]]
===Alfde iuw===
Under it [[regear]] fan 'e swakke kening [[Atelred de Unberette]] waard Ingelân oan it begjin fan 'e [[alfde iuw]] oerspield troch in nije weach fan ynvaazjes, diskear troch [[Denen|Deenske]] [[Wytsingen]]. Nei in fearnsiuw fan oanhâldende [[oarloch]] rûn dat yn [[1013]] út op 'e [[Deenske ferovering fan Ingelân]] ûnder lieding fan [[Swein Gaffelburd]], de kening fan [[Denemark]]. Doe't dyselde begjin [[1014]] kaam te [[ferstjerren]], kaam Atelred wer op 'e troan, mar de [[restauraasje (monargy)|restauraasje]] fan it [[Hûs fan Wesseks]] wie fan koarte doer, want yn [[1015]] fûn der in nije Deenske ynvaazje plak dy't oanfierd waard troch Swein syn soan [[Knút de Grutte]]. Atelred syn opfolger [[Edmund II fan Ingelân|Edmund Izerkant]] sleat yn [[1016]] mei Knút in [[oerienkomst]] wêrby't se Ingelân ferdielden, mar doe't Edmund datselde jiers noch stoar, kaam hiel Ingelân ta Knút syn [[Noardseeryk]] te hearren, yn in [[personele uny]] mei [[Denemark]] en [[Keninkryk Noarwegen (872-1397)|Noarwegen]],
|