Keninkryk Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 42:
===Alfde iuw===
Under it [[regear]] fan 'e swakke kening [[Atelred de Unberette]] waard Ingelân oan it begjin fan 'e [[alfde iuw]] oerspield troch in nije weach fan ynvaazjes, diskear troch [[Denen|Deenske]] [[Wytsingen]]. Nei in fearnsiuw fan oanhâldende [[oarloch]] rûn dat yn [[1013]] út op 'e [[Deenske ferovering fan Ingelân]] ûnder lieding fan [[Swein Gaffelburd]], de kening fan [[Denemark]]. Doe't dyselde begjin [[1014]] kaam te [[ferstjerren]], kaam Atelred wer op 'e troan, mar de [[restauraasje (monargy)|restauraasje]] fan it [[Hûs fan Wesseks]] wie fan koarte doer, want yn [[1015]] fûn der in nije Deenske ynvaazje plak dy't oanfierd waard troch Swein syn soan [[Knút de Grutte]]. Atelred syn opfolger [[Edmund II fan Ingelân|Edmund Izerkant]] sleat yn [[1016]] mei Knút in [[oerienkomst]] wêrby't se Ingelân ferdielden, mar doe't Edmund datselde jiers noch stoar, kaam hiel Ingelân ta Knút syn [[Noardseeryk]] te hearren, yn in [[personele uny]] mei [[Denemark]] en [[Keninkryk Noarwegen (872-1397)|Noarwegen]],
 
Nei 26 jier makke de [[dea]] fan kening [[Hardeknút]] yn [[1042]] in ein oan 'e Deenske oerhearsking. Dat wie de [[soan]] fan Knút de Grutte en [[Emma fan Normanje]], de [[widdo]] fan Atelred de Unberette. Om't Hardeknút gjin [[bern (persoan)|bern]] hie, waard er opfolge troch syn [[healbroer]] [[Edwert de Belider]], de soan fan Atelred, wêrmei't Ingelân wer in selsstannich lân waard. Mar doe't Edwert yn [[jannewaris]] [[1066]] ek sûnder bern stoar, ûntstie der in opfolgingskrisis. Syn [[sweager]] [[Harold II fan Ingelân|Harold Godwins]] waard ta kening kroane, mar syn [[neef (famyljelid)|neef]] [[Willem de Oermasterder]], de [[hartoch]] fan [[Hartochdom Normanje|Normanje]], easke de Ingelske kroan ek op. Yn 'e [[simmer]] fan datselde jier diene de Noaren in nije ynfal yn noardlik Ingelân. Harold Godwins sette mei syn [[leger]] ôf nei [[Yorkshire]], dêr't er op [[25 septimber]] in klinkende oerwinning boekte yn 'e [[Slach by Stamford Bridge]]. Underwilens lâne Willem de Oermasterder lykwols op 'e Ingelske súdkust, by wat bekend kaam te stean as de [[Normandyske Ynvaazje]]. Nei in forsearre mars werom nei it suden waard it útputte Ingelske leger op [[14 oktober]] yn 'e [[Slach by Hastings]] ferslein troch de Normandiërs. Harold Godwins en syn beide bruorren sneuvelen dêrby, mei as gefolch dat mei Willem de Oermasterder de nije kening fan Ingelân waard.
[[File:Schlachtfeld Schlacht bei Hastings juni09.JPG|left|thumb|250px|It plak fan 'e [[Slach by Hastings]].]]
 
===Hege Midsiuwen===
Yn [[1092]] foel [[Willem II fan Ingelân|Willem II]], de soan fan Willem de Oermasterder, [[Keninkryk Strathclyde|Strathclyde]] binnen, in [[Kelten|Keltysk]] keninkryk yn wat no súdwestlik [[Skotlân]] is. Dêrby [[anneksaasje|anneksearre]] er it gebiet dat no it greefskip [[Kumbria]] foarmet. Dêrfoaroer joech syn opfolger [[Hindrik I fan Ingelân|Hindrik I]] yn [[1124]] foargoed de Ingelske oanspraken op [[Lothian]] op, dat no súdeastlik Skotlân foarmet, yn ruil foar in [[ûnthjit]] fan [[trou]] fan 'e [[kening fan Skotlân]]. Dy regeling waard neitiid formalisearre by it [[Ferdrach fan York]] fan [[1237]].
 
Doe't yn [[1154]] [[Hindrik II fan Ingelân|Hindrik II]] op 'e Ingelske troan kaam, ûntstie der in [[personele uny]] mei it [[Hartochdom Akwitaanje]], yn súdwestlik [[Frankryk]], mei't hy [[troud]] wie mei [[Eleönoara, hartoginne fan Akwitaanje]]. Dêrfoaroer gie it [[Hartochdom Normanje]], dêr't sûnt [[1066]] ek in personele uny mei bestie, yn [[1204]] ferlern, doe't [[Jan fan Ingelân|Jan sûnder Lân]] dat gebiet kwytrekke oan [[Filips II fan Frankryk]]. Fan Normanje bleaune inkeld de [[Kanaaleilannen]] yn Ingelske hannen, wat harren aparte status ferklearret dy't oan hjoed de dei ta fuortbestiet.