Keninkryk Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 58:
===Lette Midsiuwen===
[[Edwert III fan Ingelân|Edwert III]], dy't yn [[1327]] op 'e Ingelske troan kaam, makke nei de dea sûnder [[manlik]]e neikommelingen fan syn [[pake]] [[Filips IV fan Franryk|Filips IV fan Frankryk]] fia syn [[mem]] [[Isabella fan Frankryk|Isabella]] oanspraak op 'e troan fan it [[Keninkryk Frankryk]]. Syn neistribjen fan dy oanspraken late yn [[1337]] ta it útbrekken fan 'e [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken Ingelân en Frankryk, wêrfoar't fiif keningen fan Ingelân efterinoar in grut diel fan harren eigen enerzjy en tiid, en fan it [[jild]] en de mankrêft fan harren lân opbrûke soene ear't Ingelân úteinlik yn [[1453]] einlings en te'n lêsten de striid opjoech. Hoewol't de Ingelsen yn dy snuorje ferskate grutte oerwinnings boekten, koene se úteinlik net tsjin 'e nûmerike oermacht fan 'e Frânsen op. Akwitaanje gie yn dizze [[oarloch]] ferlern, en Ingelân behold op 'e [[kust]] fan it [[Jeropa|Jeropeeske]] [[fêstelân]] mar ien inkeld [[brêgehaad]], besteande út 'e stêd [[Kalês]]. [[File:Agincour.JPG|left|thumb|230px|De Ingelske oerwinning op 'e [[Keninkryk Frankryk|Frânsen]] yn 'e [[Slach by Agincourt]], yn [[1415]], ien fan 'e meast ferneamde [[fjildslaggen]] út 'e [[Hûndertjierrige Oarloch]].]]
 
It wie ûnder de Hûndertjierrige Oarloch dat der foar it earst in feriene [[Ingelsen|Ingelske identiteit]] ûntstie dy't sawol de Anglo-Normandyske [[adel]] as it Angelsaksyske sljochtwei folk omfieme. Dat wie it gefolch fan 'e oanhâldende fijânskip mei de almar mear [[nasjonalisme|nasjonalistysker]] Frânsen, fan wa't de lieders de eigen ûntjouwing fan 'e [[Frânsen|Frânske identiteit]] brûkten om it lân te ferienjen yn 'e striid tsjin 'e Ingelsen. Sadwaande waarden de Anglo-Normandiërs, dy't har oarspronklik mear identifisearre hiene mei de Frânsen as mei harren eigen Angelsaksyske ûnderdienen, bûtensletten troch de Frânsen. It wie dan ek gjin tafal dat it [[Ingelsk]] yn dizze selde tiid yn Ingelân ynfierd waard as [[taal]] fan 'e [[rjochterlike macht]].
 
Ingelân wie noch net iens útpûst nei de ein fan 'e Hûndertjierrige Oarloch doe't yn [[1455]] in [[boargeroarloch]] útbriek tusken de [[dynasty|Huzen]] [[Hûs York|York]] en [[Hûs Lancaster|Lancaster]], dy't beide [[ôfstamme]]n fan Edwert III. Dat konflikt kaam (folle letter) bekend te stean as de [[Roaze-oarloggen]], om't it [[wapen (heraldyk)|wapen]] fan it Hûs York in wite [[roas]] wie, en dat fan it Hûs Lancaster in reade roas. Hjirby tsierden de beide [[dynasty]]en oanhâldend om it besit fan 'e Ingelske troan, wat oanlieding joech ta in rige bloedige konflikten dy't mei tuskenskoften oanholden oant [[1487]]. Uteinlik kaam yn [[1485]] it [[Hûs Tudor]] op 'e troan yn 'e persoan fan [[Hindrik VII fan Ingelân|Hindrik VII]], in ôfstammeling fan in [[oerwûn bern|oerwûn lid]] fan it Hûs Lancaster, dy't troud wie mei [[Elizabeth fan York]], in lid fan it Hûs York.
 
===It tiidrek fan 'e Tudors===
De meast ynfloedrike kening út it [[Hûs Tudor]] wie [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]], dy't yn 'e [[1530]]-er jierren om persoanlike redens yn Ingelân de [[Reformaasje]] trochfierde. Hy woe nammentlik [[skieding (houlik)|skiede]] fan syn [[oarehelte|frou]] [[Katarina fan Aragon]], om't harren [[houlik]] sûnder [[bern (persoan)|bern]] bleaun wie, mar de [[paus]] woe him dêr gjin tastimming foar jaan. Dêrom ferfong Hindrik yn syn keninkryk de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] troch in eigen [[protestantisme|protestantske]] [[steatstsjerke]], de [[Tsjerke fan Ingelân]] (of ek wol de [[Anglikaanske Tsjerke]]), wêrfan't er sels it haad wie. Fan gefolgen sleat Ingelân him doe [[polityk]] oan by [[noard]]lik [[Jeropa]], mei't ek yn 'e [[Skandinavyske lannen]], de noardlike [[Hillige Roomske Ryk|Dútske steaten]], it [[Keninkryk Skotlân]] en in diel fan 'e [[Nederlannen]] it [[protestantisme]] oannommen waard, wylst [[súd]]lik [[Jeropa]] (bgl. [[Keninkryk Frankryk|Frankryk]], [[Keninkryk Spanje|Spanje]] en de [[Itaalje|Italjaanske foarstedommen]]) fêstholden oan it [[roomsk-katolisisme]].
[[File:Elizabeth_I_(Armada_Portrait).jpg|right|thumb|230px|Keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân]], de saneamde ''Virgin Queen''.]]