Keninkryk Ingelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf
oanf
Rigel 66:
De meast ynfloedrike kening út it [[Hûs Tudor]] wie [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]], dy't yn 'e [[1530]]-er jierren om persoanlike redens yn Ingelân de [[Reformaasje]] trochfierde. Hy woe nammentlik [[skieding (houlik)|skiede]] fan syn [[oarehelte|frou]] [[Katarina fan Aragon]], om't harren [[houlik]] sûnder [[bern (persoan)|bern]] bleaun wie, mar de [[paus]] woe him dêr gjin tastimming foar jaan. Dêrom ferfong Hindrik yn syn keninkryk de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] troch in eigen [[protestantisme|protestantske]] [[steatstsjerke]], de [[Tsjerke fan Ingelân]] (of ek wol de [[Anglikaanske Tsjerke]]), wêrfan't er sels it haad wie. Fan gefolgen sleat Ingelân him doe [[polityk]] oan by [[noard]]lik [[Jeropa]], mei't ek yn 'e [[Skandinavyske lannen]], de noardlike [[Hillige Roomske Ryk|Dútske steaten]], it [[Keninkryk Skotlân]] en in diel fan 'e [[Nederlannen]] it [[protestantisme]] oannommen waard, wylst [[súd]]lik [[Jeropa]] (bgl. [[Keninkryk Frankryk|Frankryk]], [[Keninkryk Spanje|Spanje]] en de [[Itaalje|Italjaanske foarstedommen]]) fêstholden oan it [[roomsk-katolisisme]].
[[File:Elizabeth_I_(Armada_Portrait).jpg|right|thumb|230px|Keninginne [[Elizabeth I fan Ingelân]], de saneamde ''Virgin Queen''.]]
 
Hindrik VIII wie ek ferantwurdlik foar oare wichtige feroarings. Nei de ferovering troch [[Edwert I fan Ingelân|Edwert I]] hie Wales syn eigen [[wet]]ten en [[bestjoer]] beholden, mar ûnder Hindrik VIII waarden mei de [[Wetten op de Welske Wetjouwing]] tusken [[1535]] en [[1542]] it Welsk rjocht ôfskaft. Neitiid waard de Ingelske wetjouwing yn Wales fan krêft, en teffens waard Wales yn Ingelân ynkorporearre, sadat it neitiid fertsjintwurdige wie yn [[Parlemint fan Ingelân]]. Fierders rôp Hindrik himsels yn [[1541]] út ta kening fan [[Keninkryk Ierlân|Ierlân]], wêrmei't dat keninkryk yn in [[personele uny]] mei Ingelân ferbûn waard.
 
Nei Hindrik syn [[dea]], yn [[1547]], waard er opfolge troch syn [[sykte|syklike]] [[soan]] [[Edwert VI fan Ingelân|Edwert VI]], dy't yn [[1553]] ek stoar. Dêrnei kaam Hindrik syn [[dochter]] [[Marije I fan Ingelân|Marije de Bloedige]] op 'e troan, in [[roomsk-katolisisme|roomse]] dy't fel op 'e Reformaasje tsjin wie en besocht om dy werom te draaien, mei in bloedige [[godstsjinst]]striid ta gefolch. Under Marije har regear gie yn [[1558]] fierders [[Kalês]] ferlern oan Frankryk. Nei har dea, yn [[1558]], waard se opfolge troch har [[healsuster]] [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]], byneamd de ''Virgin Queen'', om't hja nea troude. Under har bewâld, dat bekend kaam te stean as de [[Elizabetaanske Tiid]], kaam de Ingelske [[kultuer]] ta grutte bloei, mei as wichtichste fertsjintwurdiger de wiidferneamde [[toanielskriuwer]] en [[dichter]] [[William Shakespeare]]. Elizabeth wie fan betinken dat Ingelân, as eilânnaasje, in sterke [[marine]] hawwe moast, en yn [[1588]] wie dy sa mânsk groeid dat er mei help fan 'e [[Steatsk]]e [[float]] ôfweve koe mei de [[Spaanske Armada]], dy't troch de roomske [[Filips II fan Spanje]] stjoerd wie om 'e protestantske Elizabeth fan 'e troan te stjitten.
[[File:Portrait_of_King_James_I_&_VI_(1618-1620).jpg|left|thumb|170px|Kening [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus VI fan Skotlân]], dy't as Jakobus I ek op 'e Ingelske troan kaam.]]
 
===It tiidrek fan 'e Stuarts===
It Hûs Tudor stoar yn [[1603]] út mei de dea fan Elizabeth I. Der ûntstie lykwols gjin opfolgingskrisis, mei't hja foartiid har [[efterneef]], de Skotske kening [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus VI]], al oanwiisd hie as har [[erfgenamt]]. Sadwaande waard dy doe ek kening fan Ingelân ûnder de namme [[Jakobus I fan Ingelân|Jakobus I]]. Dêrmei kaam it [[Hûs Stuart]] op 'e Ingelske troan, en teffens ûntstie der sa in [[personele uny]] tusken Ingelân en Skotlân, hoewol't dy beide keninkriken fierders folslein apart faninoar bestjoerd waarden.