Frâns Julius Johan fan Eysinga (1752-1828): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Pierlala (oerlis | bydragen)
+ôfb.
Rigel 1:
[[Jonkhear]] '''Frâns Julius Johan fan Eysinga''', ([[De Jouwer]], [[15 juny]] [[1752]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[3 augustus]] [[1828]]), wie de soan fan [[Skelte Hessel Roorda fan Eysinga]] en fan C.J. Vegelin fan Claerbergen.
 
[[Ofbyld:F.L. en J.L. Hauck - Portret van de familie van Frans Julius Johan van Eysinga (1752-1828).jpg|thumb|left|De Fan Eysinga's yn 1784]]
Waard yn [[1773]] [[grytman]] fan [[Doanjewerstâl]] en lid fan de [[Steaten fan Fryslân]], yn 1786 lid fan de Admiraliteit yn Harns en yn 1789 lid fan Deputearre Steaten. Yn dy kolleezjes waard hy achtenearre om syn wiisheid en heitelânsleafde. By de ôfskaffing fan de gritenijen yn [[1795]] moast ek hy ôfstân fan syn amt dwaan en wenne sûnttiids amteleas op syn [[Osingastate]] yn [[Langwar]], dat hy grif erfd hie fan Johan Vegelin fan Claerbergen. Yn [[1784]] liet hy dizze [[stins]] hielendal restaurearje. Yn de Frânske tiid waard der in ferfolging tsjin him ynsteld, nei alle gedachten foar dielnimming oan in oranzjistysk komplot, en is hy útnaaid. Hy ferburch him by ien fan syn pachters, dêr't hy ûnder in skûlnamme wenne, mar kaam letter werom op Osingastate, waard yn 1812 lid fan de Algemiene Ried fan it [[Departemint Fryslân]] en yn 1815 lid fan de Provinsjale Steaten. By de werynfiering fan de gritenijen waard hy wer beneamd as grytman fan Doanjewerstâl mar frege en krige yn 1819 as sadanich syn earfol ûntslach.