Nacht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kat namme oars
Earthlights_dmsp_1994–1995.jpg ferfange troch Earth's_City_Lights_by_DMSP,_1994-1995_(large).jpg (troch CommonsDelinker om't: [[:c:COM:FR|File rename...
 
Rigel 4:
 
De doer fan 'e nacht hinget ôf fan 'e [[breedtegraad]] fan jins [[geografy]]ske lokaasje en fan 'e [[jiertiid]]. Yn 'e [[tropen]] binne dei en nacht it hiele jier troch fierhinne fan gelikense lingte en binne de beide perioaden fan twiljocht mar hiel koart. Op hegere en legere breedtegraden leit dat oars. Dêr binne de perioaden fan twiljocht it hiele jier troch langer, en boppedat binne dêr yn 'e [[winter]] de nachten oansjenlik langer (en de dagen koarter), wylst by 't [[simmer]] krekt de dagen langer binne (en de nachten koarter). Plakken binnen de beide [[poalsirkel]]s, yn it uterste noarden en suden fan 'e [[Ierde]], hawwe by 't simmer teminsten ien dei yn 't jier dat der hielendal gjin nacht is, as de [[poaldei]] oanhâldend 24 oeren efterinoar duorret. Oarsom hawwe se by 't winter ek teminsten ien dei yn 't jier dat de sinne hielendal net opkomt, en dat de [[poalnacht]] 24 oeren efterinoar oanhâldt.
[[File:Earthlights_dmsp_1994–1995Earth's City Lights by DMSP, 1994-1995 (large).jpg|left|thumb|320px|In kompilaasjesatellytfoto fan 'e wrâld by nacht. Oan 'e [[ljochtfersmoarging]] binne de tichtbefolke gebieten werom te kennen.]]
 
Hoewol't de nacht yn it foarste plak mei [[tsjuster]] assosjearre wurdt, is it mar komselden folslein tsjuster. By helder [[waar]] skine de [[stjer]]ren en wjerskynt de [[moanne (himellichem)|moanne]] it ljocht fan 'e [[sinne]]. Fral as it [[ljochtmoanne]] is, kin men nachts faak goed út 'e fuotten. Oan 'e oare kant sjocht men as de [[loft]] [[berûn waar|berûn]] is en it ek noch [[tsjustermoanne]] is, nachts faak gjin hân foar eagen. Yn eardere tiden, foar de [[útfining]] fan 'e [[elektrisiteit]], wie de nacht dêrom in tiid dat der net folle dien waard, om 'e ienfâldige reden dat der gjin of te min ljocht foar wie. Ferljochting kaam doedestiden meast fan [[kjers]]en, dy't net inkeld djoer wiene en mar in teisterich ljocht joegen, mar ek noch [[brângefaar]]lik wiene. Sadwaande siet men [[jûn]]s faak 'te skimerjen', wat ynhold dat men by it tatsjusterjende twiljocht yn 'e hûs siet te praten. As it wier nacht waard, gie men op [[bêd]], om der by it earste ljocht faak wer ôf te kommen.