Ferskil tusken ferzjes fan "Wicked Pictures"

L
Linkfix
L (red)
L (Linkfix)
[[File:Wicked girls AVN Expo 2000.jpg|thumb|left|250px|De Wicked-kontraktstjerren yn [[2000]]: (f.l.n.rj.) [[Stephanie Swift]], [[Alexa Rae]], [[Temptress (pornografysk aktrise)|Temptress]] en [[Jenna Jameson]].]]
 
Wicked Pictures (letterlik: "Boasaardige Films") begûn lyts, mar wist al rillegau in eigen plak yn 'e Amerikaanske pornoyndustry te feroverjen. Yn it earste jier wûn it label al in prestizjeuze [[AVN Award]] yn 'e kategory bêste fideo-útjefte, foar de film ''Haunted Nights''. Yn [[1995]] tekene de doe noch frij ûnbekende [[Jenna Jameson]] in fiifjierrich kontrakt by Wicked. Al hiel gau dêrnei waard sy withoe populêr en de ûnbidige groei fan 'e studio yn 'e jierren tusken [[1995]] en [[2000]] wie foar in grut part oan har te tankjen. Wicked is de iennichste [[heteroseksualiteit|heteroseksuële]] pornostudio dy't (sûnt [[2004]]) in belied fierd dat it gebrûk fan [[kondoom]]s troch syn [[pornoaktrise|akteurs]] ferplichte steld. Likegoed moast de studio yn oktober [[2010]] de produksje stillizze doe't ien fan 'e akteurs [[HIV]]-posityf bliek te wêzen. Yn desimber fan dat jier sleat Wicked in oerienkomst mei de yn [[Lúksemboarch]] fêstige porno-mulitnational [[MindGeek]] (foarhinne Manwin), wêrby't fêstlein waard dat dy tenei de websiden fan Wicked runne soe.
 
==Keppelings om utens==
1.875

bewurkings