Operaasje Market Garden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Market Garden to Operaasje Market Garden over redirect: echte namme
L red
Rigel 16:
| casualties2= 2000-3000 dea, 7.000 ynkl. ferwûnen en fermisten
}}
'''Operaasje Market Garden''' wie de koadenamme foar in [[Alliearden|allieard]] offensyf yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. De operaasje spile him yn it tiidrek tusken 17 en 27 septimber 1944 ôf yn de Nederlânske [[provinsje]]s [[Noard-Brabân]] en [[Gelderlân]] (en foar in lyts part yn Dútslân). Doel fan it offensyf wie in flugge opmars yn it [[Tredde Ryk]] en de wichtichste wetterwegen en it Ruhrgebiet te befrijden fan de nazi's.
It plan wie om mei parasjutisten yn it fijanlik gebiet de stêden en fral brêgen te feroverjen, wêrnei't de grûntroepen mei in snelle opmars troch de Dútske ferdigening nei [[Arnhim]] komme koenen. Dútslân soe dan foar de kryst fan 1944 ferslein wêze.
Nei de operaasje analisearre Eisenhower dat de operaasje „foar 50 persint slagge wie“: De alliearden ferskoden de frontliny wol fan [[Belgje]] nei [[Nijmegen]], mar it doel, om om de ferdigeningsliny's fan de Dútsers hinne te kommen nei Arnhim ta, slagge net. It ûnferwachte ferset fan de Dútsers yn Arnhim makke it net mooglik om de Rynbrêge te feroverjen. De alliearden moasten troch grutte materiële ferliezen, ferwûne en deade soldaten weromlûke.