Loanske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Loonske Oarloch to Loanske Oarloch: ferfryske
L red
Rigel 1:
De '''Loanske Oarloch''' ([[1203]] - [[1206]]) wie de machtstriid om de opfolging fan greve [[Durk VII fan Hollân]].
Greve Durk VII fan Hollân ferstoar yn [[1203]] en hie allinnich mar dochters. By syn ferstjerren libbe allinnich noch syn dochter Ada. It hie syn bedoeling west dat hy opfolge wurde soe troch syn dochter [[Ada fan Hollân]]. Mar ek syn broer [[Willem I fan Hollân|Willem fan Fryslân]] woe wol greve wurde fan it [[Greefskip Hollân]]. Noch foardat har heit te hôf brocht wie, troude Ada op 15-jierrige leeftyd mei greve [[Loadewyk fan LoonLoan]]. Underweis nei it te hôf bringen fan har heit waard sy opwachte op getrouwen fan har omke Willem. Sy ferskûle har yn de boarcht fan Leien. Uteinlik wist Willem har dôchs yn hannen te krijgen en stjoerde har nei [[Ingelân]].
 
Loadewyk krige earst help fan de greve fan [[Greefskip Flaanderen|Flaanderen]] de biskop fan [[Prinsbisdom Luik|Luik]] en letter ek fan de hartoch fan [[Hartochdom Brabân|Brabân]] en wist Willen nei Seelân te ferdriuwen. Fan [[1205]] ôf kearde it tij en yn 1206 waard der frede sluten (it [[Ferdrach fan Brugge]]). Formeel sjoen waard Hollân tusken Loadewyk en Willem ferdield, mar út ferskillende boarnen bliek dat Willem de echte hearsker fan Hollân wie. Yn 1207 wist Loadewyk syn frou frij te krijen. Mar hy moast dêrmei wol syn oanspraken op Hollân opjaan. Yn [[1208]] naam Willem de titel [[Greve fan Hollân en Seelân|Greve fan Hollân]] oan.