Frankyske Boargeroarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 11:
Yn Austraasje hie de frou fan Pippyn derfoar soarge dat [[Karel Martel]] útsletten wie foar de opfolging, en dat har minderjierrige beppesizzer Teudobald (soan fan [[Grimoald]] út in earder houlik) as opfolger beneamd wurden wie. Hy moast de nije hofmeier wurde, mei Plektrudis as regentes. Hja litte Karel finzen nimme en slute him op yn Keulen. As ûnderwilens de kar fan kening Dagobert bekend wurdt, lûkt Plektrudis har dêr neat fan oan, want sy stjoerd Teudobald mei in leger nei it suden ta om de kening op oare tinzen te bringen.
 
=== De slachSlach by Compiégne ===
Op [[26 septimber]] [[715]] komt dat leger yn gefjocht mei de striidkrêften fan hofmeier Ragenfrid. Dizze fjildslach by [[Slach by Compiégne|Compiégne]] lûd it begjin yn fan de Frankyske boargeroarloch. Ragenfrid ferslaat yn dizze slach de jonge Teudoald dy't nei syn beppe yn [[Keulen]] werom flecht. Neffens de [[Liber Historiae Francorum]] stoar Teudoald fuort dêrnei, mar oare boaren melde dat hy noch in protte jierren dêrnei libben hat. Wat der ek fan wier is, Karel Martel wurdt út syn finzenis befrijd en kening Dagobert III komt te ferstjerren. [[Gilperik II]] wurdt nije kening en Ragenfrid bliuwt oan as hofmeier. Der ûntstie in situaasje, lykas op de kaart is werjûn ([[Akwitaanje]] wie yn dy tiid in ûnôfhinklike Frankysk hartochdom).
 
=== Ynfal troch de Friezen ===
Rigel 20:
Yn 716 foel Ragenfrid fanút it suden oan en kaam Rebad mei in float oer de [[Ryn]] oansetten. Beide legers moetsje inoar by Keulen dêr't Teudoald en Plektrudis harren ferskânst hienen. Karel besiket mei in yn de hast by ien skrappe leger de stêd noch te ûntsetten, mar moat him nei de earste skermutselingen al weromlûke. De ferdigeners moatte har oerjaan en Keulen mei de skatkist fan Austraasje falt yn hannen fan de oerwinners.
 
=== Slach by AmelsAmel ===
Nei de ferovering fan Keulen wie Karel by steat om snel syn slach te slaan. It Neustryske leger en in part fan de Friezen lutsen troch de [[Ardennen]] op wei nei hûs doe't Karel ynienen oanfoel. Harren mienskiplike leger wie noch hieltyd grutter dan dat fan Karel, mar troch ferrassing en list (hy die krekt oft syn leger op de flecht sloech, dêr't hy in efterfolging fan syn tsjinstanner by útlokke, dy't hy ferfolgens yn in mûklaach wist te lokken) de [[Slach by Amel]] yn syn foardiel te beslissen. By dizze oerwinning foel ek it grutste part fan de Austrasyske skatkiste yn hannen.
 
Rigel 27:
 
=== Slach by Soissons ===
De ferslaggen Gilperik en Ragenfrid krije fan Karel hjirtroch de tiid harren te fersterken. Dat dogge sy troch de help fan [[Odo fan Akwitaanje]] yn te roppen. Mei him slute sy in alliânsje tsjin Karel Martel en mei in nij tariede leger geane sy rjochting [[Soissons]], dêr't sy it leger fan Karel oantreffe en yn gefjocht mei reitsje. Yn dizze fjildslach (de [[slachSlach by Soissons (718)|slachSlach by Soissons]] wurde sy op 'e nij ferslaggen troch Karel. Odo flecht werom nei syn hartochdom en levert yn ruil foar frede Gilperik en Ragenfrid út oan Karel. Odo erkende Karel as de rjochtmjittige hofmeier en Karel erkende Odo as hartoch. Opmerklik is dat Karel al de tsjinstanners neidat er dizze ferslein hie fierders gewurde litte.
 
== Gefolgen en neisleep ==