Johan van Oldenbarnevelt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
B. (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Michiel Jansz van Mierevelt - Johan van Oldenbarnevelt.jpg|right|thumb|240px|Johan fan Oldebarnevelt skildere troch [[Jansz Fan Mierevelt]]]]
'''Johan van Oldenbarnevelt''' ([[Amersfoart]], [[14 septimber]] [[1547]] – terjochtsteltterjochtsteld [[De Haach]], [[13 maaie]][[ 1619]] wie de belangrykste Nederlânske steatsman yn de earste faze fan de [[tachtichjierrige oarloch]]. Hy wurde slachtoffer fan in politike moard troch oanhingers fan [[Maurits van Oranje|Prins Maurits fan Oranje]].
 
Johan van Oldebarnevelt waard berne yn in boargerlik gesin. Mar er wie altyd in soad spul thús. Syn heit Gerrit kaam gauris yn oanrekking mei justysje fanwege dronkenskip of geweld. Johan besocht wierskynlik de [[Latyn|Latynske]] skoalle yn Amersfoart. Dernei gie hy nei De Haach om as [[advokaat]] te wurkjen. Tusken [[1566]] oant [[1570]] studearre hy yn [[Leuven]], [[Bourges]], [[Keulen]], [[Heidelberg]] en [[Padua]]. It is net wis of hy ek alle graden helle hat. Yn 1570 wurdt hy abbekaat by it [[hof fan Hollân]]. Yn 1576 wurdt hy pensjonaris fan [[Rotterdam]]. Hy hie himsels oansluten by de opstân. Yn 1578 troude hy mei regintedochter Maria fan Utert. Yn 1586 wurdt fan Oldenbarnevelt [[lânsabbekaat]] fan de [[Steaten fan Hollân]]. Dizze funksje soe hy behâlden oant syn dea.