David II fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 39:
===Ballingskip===
Nei de Ingelske oerwinning by [[Halidon Hill]] waard David II mei keninginne en hofhâlding yn it ramt fan 'e ''[[Auld Alliance]]'' yn feilichheid brocht yn [[Frankryk]], dêr't er op [[14 maaie]] [[1334]] yn [[Boulogne-sur-Mer]] oankaam. Hy en Jehanna waarden mei grutte pracht en preal ûnthelle troch kening [[Filips VI fan Frankryk]], en hoewol't der hast neat bekend is oer it ferbliuw fan 'e Skotske kening yn Frankryk, sil er grif in hoart trochbrocht hawwe oan it Frânske Keninklik Hof yn [[Parys]]. Filips VI joech David it [[Kastiel fan Gaillard]], yn [[Normandje]], om him yn nei wenjen te setten, en dêr sil er sadwaande it grutste part fan 'e tiid trochbrocht hawwe.
[[File:The Battle of Neville's CrossBNMsFr2643FroissartFol97vBatNevilleCross.jpg|right|thumb|250px|David II (loftsûnder) finzen nommen yn 'e [[Slach by Neville's Cross]].]]
 
Fierders is bekend dat David yn [[oktober]] [[1339]] oanwêzich wie by it bloedleaze treffen fan 'e Ingelske en Frânske legers te Vironfosse (no [[Buironfosse]]), yn [[Pikardje]]. Tsjin dy tiid wiene de Skotten, foar in diel troch de stipe dy't se fan 'e Frânsen krigen, wer fierhinne baas yn eigen lân. Sadwaande waard it feiligernôch achte foar David om werom te kearen nei Skotlân, dêr't er op [[2 juny]] [[1341]] te [[Inverbervie]] yn [[Kincardineshire]] oankaam. Hy wie doe santjin jier âld, en besleat it bestjoer oer syn [[keninkryk]] no yn eigen hannen te nimmen.