Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 66:
 
Underwilens gie de oarloch mei de Ingelsen ek troch, en David II wie wisberet om 'e oantins oan syn heit Robert I eare oan te dwaan en syn tankberens oan Filips VI foar de Frânske stipe blike te litten. Dêrta joech er sels lieding oan ferskate ynfallen yn noardlik Ingelân. De lêste dêrfan fierde er op fersyk fan Filips VI út nei de Frânske nederlaach yn 'e [[Slach by Crécy]], yn [[augustus]] [[1346]]. By dy ynfal troffen de Ingelske en Skotske legers inoar op [[17 oktober]] fan dat jier yn 'e [[Slach by Neville's Cross]], yn 'e neite fan [[Durham (Ingelân)|Durham]], yn [[Noardumberlân]]. Foar de Skotten rûn dat út op in katastrôfe, mei't de slach net inkeld ferlern waard, mar Willem Douglas fan Liddesdale, [[Jan Randolph, 3e greve fan Moray]], en ta oermjitte fan ramp kening David II sels [[kriichsfinzen]] nommen waarden troch de Ingelsen.
[[File:The Battle of Neville's CrossBNMsFr2643FroissartFol97vBatNevilleCross.jpg|right|thumb|250px|[[David II fan Skotlân|David II]] (loftsûnder) [[kriichsfinzenskip|finzen nommen]] yn 'e [[Slach by Neville's Cross]].]]
 
==Finzenskip fan David II==