Lily Collins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
===Karriêre===
Collins har aktearkarriêre begûn doe't se in pjut fan twa jier wie, yn 'e [[BBC]]-searje ''Growing Pains'' (net te betiizjen mei de Amerikaanske komeedzjesearje mei deselde namme). As tiner skreau Collins in [[kollumn]] mei as titel ''NY Confidential'' foar it Britske [[tydskrift]] ''[[Elle Girl]]''. Ek hat se stikken skreaun foar ''[[Seventeen (tydskrift)|Seventeen]]'', ''[[Teen Vogue]]'' en de ''[[Los Angeles Times]]''. Yn [[2007]] waard se útkard troch it [[moade]]merk [[Chanel]] om ien fan syn baljûpen te dragen op it ''Bal des Débutantes''. It tydskrift ''[[Glamour (tydskrift)|Glamour]]'' keas har út as it ynternasjonale model fan it jier yn [[2008]], en yn [[2009]] stie se op 'e omslach fan dat blêd.
[[File:Lily_Collins_TIFF_2,_2012.jpg|left|thumb|170px150px|Lily Collins yn [[2012]].]]
 
Yn [[2008]] fersloech Collins de Amerikaanske presidintsferkiezings fan dat jier as [[presintatrise]] fan it [[Nickelodeon]]-programma ''Kids Pick the President'', en datselde jiers wûn se ek de ''Young Hollywood Award for Newest Red Carpet Correspondent'' foar har ferslachjouwing by filmpremiêres. Dêrnei begûn se har mear op [[aktearjen]] ta te lizzen. Sa hie se in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e [[soapsearje]] foar jongerein ''90210'' en spile se yn [[2009]] de byrol fan Collins Tuohy, de dochter fan haadpersoan Leigh Anne Tuohy ([[Sandra Bullock]]) yn it bekroande wierbarde drama ''The Blind Side''.