Mortal Kombat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Mortal Kombat''' wie it earste spultsje fan de Mortal Kombat searje fan Midway. It spul kaam yn 1992 yn 'e hannel en wie doe tige provosearjend troch it hurde geweld yn it spul...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 3 jul 2007 om 23.57

Mortal Kombat wie it earste spultsje fan de Mortal Kombat searje fan Midway. It spul kaam yn 1992 yn 'e hannel en wie doe tige provosearjend troch it hurde geweld yn it spul. It ferhaal fan dit spultsje is oer it earste Mortal kombat toernoai en de oerwinning fan de geastlike Liu Kang op Shang Tsung.

Ferhaal

500 jier lyn waard it jierlikse Shaolin toernoai ûnderbrutsen, troch de komst fan in âlde tsjoender, mei de namme Shang Tsung, en in wêzen mei fjouwer earmen. It wêzen die mei oan it toernoai en fersloech kening Kung Lao. Dizze Shokon kriger wie Goro en hy heal mins, heal draak. Goro waard hjirnei 500 jier de ultime fjochtkampioen. Meiïnoar in diel fan it plan fan Shang Tsung, dêr't er it ierdske ryk mei yn gaos bringe woe, sadat de outworld it feroverje koe.

Liu Kang die mei oan it toernoai om it wer yn lykwicht te bringen. Johny Cage, in kriger/filmstjer, die ek mei en rekke befreone mei Liu Kang. Lin Kuei kriger Sub-Sero waard ek dielnimmer, sadat er Sub-Zero fermoardzje koe, want hy tocht dat Sub-Zero ferantwurdlik wie foar syn dea. Raiden, de god fan tonger, waard ek troch Shang Tsung persoanlik frege. Raiden reagearre posityf en naam in minskefoarm oan en die mei oan it toernoai.

Kano, de wichtichste dief fan de Black Dragon clan, waard achterfolge troch de spesjale ôfdieling fan it Amearikaanske leger, dy't laat waard troch Sonya Blade. Kano kaam úteinlik yn in boat nei it toernoai, dêr't er Shang Tsungs palys útbute woe (neffens raabsels binne de muorren fan goud makke). Doe't Sonya dêr kaam, waard se tsjinholden troch it leger fan Shang Tsung. Hja hie gjin kar, dat se moast meidwaan oan it toernoai. No wie it toernoai folslein en koe út ein sette.

Karakters

Spylber fan it begjin ôf

Bazen

Geheime karakters

Arena's

  • The Courtyard
  • Palace Gates
  • Warrior Shrine
  • The Pit
  • Throne Room
  • Goro's Lair
  • The Pit Bottom

Categorie:Computerspel