Isjbosjet fan Israel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 7:
Isjbosjet ferspilet de relaasje mei syn legeroanfierder [[Abner]] doe't hy him it ferwyt makke dat hy omsloech mei in byfrou fan syn heit, kening Saul. Abner wurdt dan sa lilk, dat hy beslút oer te rinnen nei it kamp fan David. [[Joäb]], de legeroanfierder fan David, hie lykwols noch in rekken iepen stean om't Abner syn broer [[Asahel]] fermoarde hie doe't dy him efternei siet yn'e kriich fan David tsjin Isjbosjet. As Joäb fernimt dat Abner by David west hat en noch yn'e buert is, stjoert hy der boaden op út om him te sykjen. Nei't hja him fûn hawwe bringe se Abner nei de poarte fan Hebron, dêr't Joäb bûten witten fan David om Abner delstekt.
 
As Isjbosjet heart dat syn legeroanfierder útnaaitútnaaid wie en by Hebron deastutsen is, lit er de moedfearren hingje. Twa oare ofsieren, Baäna en Rekab, beslute dan it hûs fan in op dat stuit sliepende kening Isjbosjet yn te slûpen. Hja snije him de holle ôf en yn de hope yn de geunst te kommen by David bringe hja him de holle fan de deade kening as trofee. Mar David wurdt dan sa lilk as in sage op de beide manlju en foar harren leffe died lit hy Baäna en Rekab fuortendaliks eksekutearje. De holle fan Isjbosjet lit David út repekt foar de fermoarde kening by it lichem fan syn legeroanfierder Abner begrave.
 
 
Rigel 15:
{{Commonscat|Saul}}
}}
[[Kategory:BibelskPersoan persoanyn it Alde Testamint]]
[[Kategory:Israelitysk persoan]]
[[Kategory:Kening fan Israel]]
[[Kategory:Kening fan Juda]]
[[Kategory:Lid fan it Israelityske keningshûs]]
[[Kategory:Persoan berne yn de 11e iuw f.Kr.]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn de 11e iuw f.Kr.]]