Barnabas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 1:
[[File:St Barnabas.JPG|thumb|250px|Byld fan Barnabas oan de Barnabaschurch te Mitcham, Ingelân]]
'''Barnabas''' (ek '''Sint-Barnabas''', '''Joazef fan Syprus''' of '''de apostel fan Antiochje en Syprus'''; begjin [[1e iuw]], [[Palestina]] – [[Salamis (Syprus)]], [[61]]) wie, alhoewol't hy net ta de [[Apostel|tolve apostels]] hearde, in wichtige apostel út de earste iuw nei Kristus. Syn oarspronklike namme wie Joazef en hy wie ôfkomstich fan [[Syprus]]. De apostelen joegen him de namme Barnabas, dat "soan fan de fertreasting" betsjut (Hannelingen 4:37). Guon bibelgelearden stelle lykwols dat de namme "soan fan Nebo" betsjut.
 
Barnabas wurdt omskreaun as in wichtige skeakel tusken de [[apostel]]en yn [[Jeruzalim]] en de bekearde [[Paulus (apostel)|Paulus]], tusken joadske en net-joadske kristenen en tusken de twa kristlike gemeenten fan [[Antiochje]] en Jeruzalim.