Roeden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1983208
No edit summary
Rigel 4:
| [[Ofbyld:Molen Venemansmolen spin.jpg|thumb|Kearklossen, roedekilen en spitizers fan de [[Venemansmole]]. De askop hat boppedat in spin]]
|}
'''Roeden''' foarmje de basis fan it [[Geflecht|wjukkekrús]] fan in tradysjonele [[wynmole]]. Eartiids waarden dizze balken, dy't wol 30 meter lang wêze kinne fan hout makke, wol út ien stik, mar ek wol út trije stikken. (de saneamde boarstroede, in boarststik mei twa oplangers). Houten roeden binne oan de foar- en efterkant foar in bettere stroomline ôfskeane, wat baljoening neamd wurdt. Meastal waarden houten roeden brûkt (stutsen) fan it djoerdere [[greinen]] út [[Riga]] ynstee fan it ynlânske greinen. Letter waarden roeden makke fan it bettere Amerikaansk greinen. Brutsen roeden waarden faak as flierbalken yn in mole brûkt. Fan ± 1860 ôf begûn men stielen roeden te klinken en sûnt de [[Twadde Wrâldoarloch]] wurde roeden laske. Yn 2008 binne der oar it earst laske roeden makke, wêrfan de efterkant net fêstlaske is, maar losmakke wurde kin foar ynspeksje en in eventueel nije antirustbehanneling fan de binnenkant fan de roede. Ek wurde der proeven dien mei fersinkte roeden, dy't fanwege harren lingte net yn harren hiele hear en fear yn it sinkbad kinne en dêrom út twa gedieltes bestean, wêrby't it oan elkoar makke punt yn de kop fan de boppe-as falt.
 
De roeden (altyd twa pear om fjouwer wjukken te foarmjen) stekke troch de saneamde askop fan de [[boppe-as]] fan in mole en wurde mei 16 [[kyl|kilen]] en fjouwer kearklossen fêstsetten. De kearklossen soargje derfoar dat de roede net ferskowe kin. De kilen sette de roede fêst yn de askop. De roedekilen binne boarge mei spitizers, wêrtroch't se der net útfalle kinne. Yn de roeden sitte gatten wêryn by âldhollânske wjukken de hikkelatten stutsen wurde. In hikkelatte wurdt fêstsetten mei kilen, dy't ek yn ferbân mei de foarming fan de [[seech]] de hellinghoeke fan de hikkelatte bepale. Op de bûtenroede sit in seilearm en op de binnenroede in seileach foar it fêstsetten fan it [[Seil (mole)|seil]]. De mole [[De Helper]] hat lykwols gjin gatten foar de hikkelatten yn de roeden, mar oplaske strippen mei dêrop mei bouten fêstmakke, fersinkte bûgels wêrop de hikkelatten gêstskroeve wurde.