Irena Sendler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
kt
Rigel 2:
[[Ofbyld:Irena Sendlerowa 2005.02.15 ceremony.jpg|thumb|Sendler mei minsken dy't hja as bern rêden hat, Warsjau, 2005]]
[[Ofbyld:Irena Sendlerowa 2005-02-13.jpg|thumb|Irena Sendler, Warsjau, 2005]]
 
'''Irena Sendler''', yn't [[Poalsk]] ek '''Irena Sendlerowa''', berne '''Krzyżanowska''' ([[Otwock]], [[15 febrewaris]] [[1910]] - [[Warsjau]], [[12 maaie]] [[2008]]), wie in [[Poalen|Poalsk]] fersetsstrydster. Sy organisearre de berneôfdieling fan de Ried foar de Ondersteuning fan Joaden ([[Żegota]]) dy't 1942 fan Poalen fan ferskaat oan leauwerjochtings en wraldbeskôgings oprjochte waard om [[Joaden]] út hannen fan de Dútske besetter te rêden.
 
Line 8 ⟶ 7:
Irena Sendler wie in dochter fan Dr. [[Stanisław Krzyżanowski]], in dokter, en syn frou Janina. har heit stoar febrewaris 1917 oan de [[tyfus]] dy't er skipe hie by de behanneling fan pasjinten dy't syn kollega's wegeren te behanneljen fanwege it besmettinggefaar; der wiene in protte Joaden ûnder. Nei syn dea bea de lieding fan de Joadske mienskip syn frou help oan en betelle foar Irena hat stúdzje. Sy studearre Poalske literatuer oan de [[Universiteit fan Warsjau]] en waard lid fan de Poalske Sosjalistyske Partij. Sy wie tsjinstanner fan it saneamde getto-bank systeem dat guon Poalske universiteiten der foar de oarloch op nei holden. Om reden fan har iepenlik protest waard har de tagong ta de universiteit foar in periode trije jier ûntsein.
 
Sendler wie al foar de oarloch [[sosjaal werksterwurkster]] en as [[ferpleechkundige|sikefersoarchster]] foar [[epidemy]]kontrôle hie se tagong ta it [[getto fan Warsjau]]. Yn'e mande mei oaren slagge it har en smokkelje 2500 Joadske bern út it getto en bring harren ûnder by Poalske hûshâldings, kleasters en weeshuzen. Troch kontakten yn it ministearje fan wolfeart krigen de bern falske papieren.
 
Yn 1943 waard Sendler troch de [[Gestapo]] fêstset en ta de dea feroardiele. Under [[marteljen|tramtaasje]] - har skonken en fuotten waarden brutsen - waard besocht har de nammen fan de rêde bern te neamen, mar sy ferrette neat. Om letter bern en âlden wer byïnoar brige te kinnen, hie Sendler nammelisten yn koade byholden en yn [[Wekke|wekflessen]] ûnder in apelbeam yn in tún ferside brocht.
Line 24 ⟶ 23:
 
{{DEFAULTSORT:Sendler, Irena}}
[[Kategory:Poalsk letterkundige]]
[[Kategory:Poalsk sosjaal wurker]]
[[Kategory:Poalsk ferpleechkundige]]
[[Kategory:Poalsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich]]
[[Kategory:Rjochtfeardige ûnder de Folken]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1910]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 2008]]