Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 126:
==Misbrûk==
Goeie, Romke. Ik wit net hoefolle oft jo meikrigen hawwe fan wat hjir de lêste tiid op 'e Wikipedy spilet, mar nei't er trije jier lang suver oanhâldend ellinde feroarsake hat, is ús âld-meidogger Yn 'e Wâlden derút set. Yn oerlis hawwe de behearders besletten dat hy hjir de kommende 5 jier net wer komme mei. Dêrom is syn IP-adres útsletten. Sûnt ferline wike ferskaft er himsels mei metoaden dy't allinnich foar kriminele doelen brûkt wurde hieltyd alternative IP-adressen (''open proxies''), en besiket er op dy wize wer tagong ta de Wikipedy te krijen. Dat sil net tastien wurde. Der is besletten dat al sokke IP-adressen definityf útsletten wurde sille en dat alle wizigings dy't Yn 'e Wâlden yn 'e Wikipedy oanbringt, weromset wurde sille, ek as it ferbetterings binne. It is spitich dat staveringsflaters en oare fouten stean bliuwe, mar noch folle spitiger soe it wêze as misbrûk leanje soe. Hjoed hat Yn 'e Wâlden besocht om yn kontakt te kommen mei jo troch in berjocht op jo oerlisside te pleatsen. Dat haw ik fuorthelle. Ek eventuële takomstige berjochten fan him oan jo of oan hokker oare meidogger ek sille ferwidere wurde. Mochten jo sa'n berjocht ûnder eagen krije foar't it skrast is, dan freegje ik jo mei klam om it te negearjen en der op gjin inkele wize op te reägearjen. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 apr 2017, 14.28 (CEST)
 
:Dit alles is bûten my om gien en ik ha der neat fan meikrigen dat der wat oan de hân wie. Utsein dan dat der earder ris wat spile hat op it mêd fan de stavering. Mar noch ien fraach: wêrom woe Yn'e Wâlden in berjocht op myn side sette? Ik ha der fieders ommers neat mei te meitsjen.--[[Meidogger:RomkeHoekstra|RomkeHoekstra]] ([[Meidogger oerlis:RomkeHoekstra|oerlis]]) 30 apr 2017, 23.28 (CEST)
 
::Jo sizze, jo hawwe der neat fan meikrigen -- dat hie ik hast wol tocht, dêrom lei ik hjirboppe yn it koart de saak ek al even út. As jo der mear fan witte wolle, moatte jo mar even op 'e oerlisside fan Drewes sjen. It spul dat der earder wie, hie mar sydlings mei de stavering te krijen, en folle mear mei Yn 'e Wâlden syn hâlden en dragen. Hy is doe in heal jier útsletten, mar doe't dy tiid om wie, is er daliks wer op 'e âlde foet fierder gien, en dêrom is er no foar fiif jier útsletten. It berjocht dat Yn 'e Wâlden oan jo skreaun hie, hie neat mei dizze saak te krijen, en hie eins hielendal net folle om 'e hakken. It liket my ta dat it benammen bedoeld wie om in lange noas nei de behearders te meitsjen troch even sjen te litten dat er him neat fan ús oanlûkt. As jo witte wolle wat er woe, moatte jo yn 'e sideskiednis fan jo oerlisside de ferzjes dy't hy tafoege en dy't ik wiske haw, mar even mei-inoar ferlykje. Ik begryp wol dat jo nijsgjirrich binne, mar it punt is even dat Yn 'e Wâlden it rjocht ferspile hat om mei te dwaan oan 'e Wikipedy, en dus ek om fia de Wikipedy mei meidoggers te kommunisearjen. As ik syn berjochten stean liet, soe ik ymplisyt de malafide praktiken goedkarre dy't er brûkt om tsjin syn folsleine útsluting yn dochs wizigings oan te bringen en berjochten efter te litten. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 1 maa 2017, 00.12 (CEST)