Julius Agrikola: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Boarne: kt |
|||
Rigel 5:
Agrikola waard berne yn 40 n.Kr. yn Forum Julii ([[Fréjus]]). Syn heit wie senator en syn mem in ûntwikkele frou, dy't him nei Grykske skoallen yn [[Marseille]] stjoerde. Syn karriêre begûn al op jonge jierren as ofsier yn it leger. Hy tsjinne ynnearsten yn [[Brittanje]] (58-61) en dêrnei noch in skoft yn [[Aazje]]. Nei in bestjoerlike funksje yn Rome krige er it befelhawwerskip oer it leger yn Brittanje (70-74) en dêrnei it gûverneurskip fan earst [[Akwitaanje]] (Súdwest-Frankryk) en dêrnei Brittanje (77-83).
Yn Brittanje wreide Agrikola de Romeinske macht sterk út. Troch keizer [[Fespasianus]] konsul makke, oermastere hy Noard-[[Wales]] en [[Anglesey]] (78), en loek dêrnei yn noardlike rjochting troch [[Ingelân]] en besette súd-[[Skotlân]] (fan 80 ôf), en boude in rige fan forten tusken de [[Firth of Forth]] en de [[Firth of Clyde]]. Yn de [[Slach by Mons Graupius]] (± 84) fersloech hy de [[Kaledoanje]]rs. Agrikola stjoerde in float út dy't om Brittanje hinne fear en de [[
Agrikola is yn de skiednis bekend as ien fan Rome syn bêste generaals. Utsein de oermastering fan sawat hiel Brittanje hie hy ek de hân yn it begjin fan de romanisearring fan dizze nije provinsje. Op syn oanstean waard in protte boud en wegen oanlein. Ek yn fredestiid wie hy in goed lieder.
|