Salomon Levy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
'''Salomon Levy''' (±[[Hessen]], om [[1750]] - [[17 maart]] [[1798]]) wie in slachter en keapman dy't oan'e ein fan [[18e iuw]] tahâlden hat yn de omkriten fan [[Kollumersweach]] en [[De Westereen]]. Levy is bekend wurden fanwege syn feroardieling ta de dea foar syn oandiel yn it [[Kollumer Oproer]].
 
==Komôf==
Sa't syn namme al oanjout wie Salomon Levy fan [[Joaden|joadsk]] komôf. Hy waard om 1750 hinne berne yn de Dútske steat [[Hessen]]. Wêrom't Levy krekt yn de omkriten fan [[Kollum]] bedarre, is net bekend. Wol is it sa dat yn dy tiid in soad keaplju út de Dútske steat Hessen alle jierren mei harren negoasje nei [[Nederlân]] tôgen, oer de saneamde [[Hessewei|Hessewegen]]. Ek Levy kaam sa, fia de omkriten fan [[Paderborn]] en [[Múnster]], nei [[Grinslân]], nei [[IJmetil]]. ,,
 
== Grinslân ==