Markus Lisinius Krassus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 11:
Tegearre mei Pompejus stipe Krassus [[Julius Caesar|Caesars]] syn kandidatuer foar it konsulaat, wêrtroch in machtsblok foarme waard: it [[Earste Triumviraat]] (Trijemanskip). Yn [[54 f.Kr.]] gie hy as [[prokonsul]] nei [[Syrje]] dêr't de Romeinen yn kriich wiene mei de [[Parten]]. Krassus late de operaasjes fan it leger dêr en oan it haad syn legioenen gie er sels op fjildtocht nei [[Mesopotaamje]]. Yn de woastyn by it plakje [[Haran|Carrhae]], yn it noarden fan it hjoeddeiske Irak, rekke it Romeinske leger ynsletten troch [[Surenas]], generaal fan de Partyske kening [[Orodes II]] dy't it befel fierde oer 10.000 ruters mei gefaarlike en tige effektive bôgen. Sy bestoken oan ien tried wei de 40.000 Romeinske ynfanteristen fan Krassus fan grutte ôfstân mei deadlike pylken. It wie krekt oft de Romeinen in in grutte deadlike bijeswaarm telâne kamen. Krassus syn soan [[Publius Krassus]] sneuvele by dat foarfal. Mei de oerbleaune soldaten besiket Krassus in goed hinnekommen te finen werom nei de Romeinske provinsje [[Asia (Romeinske provinsje)|Asia]]. As de Parten oanjouwe mei him ûnderhannelje te wollen oer frede wurdt er op wei nei it stee dêr't it fredespertear hâlden wurde soe finzen naam en koart dêrnei fermoarde. Neffens de historikus [[Kassius Dio]] (dy't twahûndert jier letter libbe) gie by de Parten it ferhaal rûn dat er goud yn syn ôfhakte holle jitten waard.
 
{{DEFAULTSORT:Krassus, Markus Lisinius}}
[[Kategory:Romeinsk politikus]]
[[Kategory:Romeinsk generaal]]