Falins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Falens to Falins: frysker
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Solidus Valens - transparent background.png|thumb|225px|[[Solidus]] mei FalensFalins, út [[Trier]]]]
'''FalensFalins''', folút yn it Latyn '''Flavius Iulius Valens''' ([[328]] - [[9 augustus]] [[378]]) wie in [[List fan Romeinske keizers|Romeinske keizer]] fan [[28 maart]] [[364]] oant [[9 augustus]] [[378]].
 
== Jeugd ==
FalensFalins wie berne yn [[Cibalis]] (tsjintwurdich [[Vinkovci]]), yn it suden fan [[Pannoanje]]. Syn heit [[Gratianus de âldere]], wie in bekend en respektearre generaal. Hy wie de jongere broer fan [[Falentinianus I]]. Yn tsjinstelling ta dizze broer hie FalensFalins gjin wiidweidich militêre karriêre trochmakke.
 
Troch syn âldere broer waard FalensFalins by it regear fan it [[Romeinske ryk]] belutsen as mei-keizer. Op [[28 maart]] [[364]] beneamde Falentinianus him as keizer fan it easten wêrby FalensFalins in ûnderhearrige rol spile.
 
== De Opstân fan Prokopius (364-367) ==
As earste moast FalensFalins de grinzen yn it easten feillich stelle, dy't troch syn foargonger keizer [[Jovianus]] yn alle gauwens ferlitten wienen. Healwei krige FalensFalins te hearren dat yn Konstantinopel [[Prokopius]], in neef fan eartiidse keizer [[Julianus Apostata]], him as keizer útroppen litten hie.
 
Dizze Prokopius hie in soad minsken op 'e hân, benammen meistanners fan de keizers út de [[dynasty fan Konstantyn]], wêrûnder in protte yntellektuelen, dy't harren troch FalensFalins ûnderdrukt fielden, en de dochter en widdo fan [[Konstantius II]].
 
FalensFalins koe yn it begjin ferhipte min oer de opstân en wie foaral depressyf. It wie sels sa dat er besocht om jinsels tekoart te dwaan, mar hy besleat dochs om te fjochtsjen. Lykwols waard er hindere troch it feit dat it grutste part fan syn troepen al yn [[Syria]] siet. FalensFalins stjoerde in lyts leger foarút tsjin Prokopius mar sy waarden troch de usurpator omkocht en it skilde net folle oft FalensFalins wie finzen naam. Hy hoechde ek gjin stipe fan Falentinianus te ferwachtsjen, want dy hâlde him allinnich dwaande mei it westlik part fan it ryk. Sadwaande kontrolearde Prokopius in grut part fan it easten.
 
Lykwols hie FalensFalins yn maaitiid fan [[366]] genôch troepen sammele om tsjin Prokopius op te lûken. Hy fersloech syn tsjinstanner by [[Thyatira]] en slagge deryn om dy syn soldaten oan syn side te krijen. Dêrmei hie er Prokopius ferslein.
 
Omdat Prokopius in bûnsmaatskip hie mei [[Fisigoaten]] wie FalensFalins syn folgjende set in fjildtocht oer de Donau. Yn [[367]] luts er de rivier oer om de Goatyske kening [[Atanarik]] it leksum te lêzen. Atanarik waard op de flecht jage rjochting de [[Karpaten]]. Twa jier letter kaam FalensFalins werom en opnij fersloech er de Fisigoaten. Diskear sleat hy frede my in oare Fisigoatyske lieder: [[Fritigern]]. FalensFalins besocht ek Atanarik hjirmei te isolearjen.
 
== De Oarloch mei Perzje en oare problemen ==
Neidat FalensFalins de oarder wersteld hie, moast er nei de grins mei de sette [[Perzen]], dêr't de Perzyske kening [[Shapur II]] de provinsje [[Armeenje]] oermastere hie. Nei in protte hinne en wer gedoch, waard der in soarte frede sletten [[371]], benammen omdat de Perzen yn it easten sels problemen hienen. Mar de nije kening fan Armeenje, in jonge dy't [[Pap fan Armeenje|Pap]] hiet, en dy't troch FalensFalins mei muoite op de troan setten wie, soarge lykwols foar in protte swierrichheden. Hy deade de biskop fan Armeenje en woe dat alle Romeinske stêden oan him oerdroegen waarden. Dêrom liet FalensFalins him eksekutearje, mar dêr wienen de Perzen it wêr net oer iens en sadwaande ûntstie der op'e nij oarloch yn [[375]]. Dêrby kaam ek noch in opstân fan de [[Sarasenen]] en de [[Isauriërs]]. FalensFalins wie amper by staat dizze del te slaan.
 
== FalensFalins' ein ==
Omdat FalensFalins op fersyk fan Falenintianus troepen nei it westen stjoerd hie, hie hy sûnt [[374]] foaral in tekoart oan soldaten. Dêrom kaam it him wol goed út doe't groepen Fisigoaten, dy't op flecht wienen foar de [[Hunnen]], fregen om talitten te wurden yn it East-Romeinske ryk. FalensFalins woe dizze as [[foederaty]] oan syn leger tafoegje. Lykwols koenen syn soldaten de ferhuzing net ûnder kontrole hâlde, en sa waarden de Goaten al gau folge troch Hunnen en [[Alanen]]. Yn [[377]] eskalearre de situaasje en marsjearden de Goaten sûnder folle tsjinstân [[Traasje]] yn. FalensFalins frege help by [[Gratianus]], de opfolger fan de yn 375 ferstoarne Falentinianus, mar besleat hjir net op te wachtsjen. Hy foel de Goaten oan op 9 augustus by [[Slach by Adrianopel|Adrianopel]], en waard ferpletterjend ferslein. Hy stoar koart nei de slach, omdat er him yn in toer ferskânze hie dy't yn de brân stutsen waard.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/valens.htm {{aut|N. Lenski}}, art. Valens (364-378 A.D), in ''DIR'' (1997).]
 
[[Kategory:Romeinsk keizergeneraal]]
[[Kategory:JildRomeinsk politikus]]
[[Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk]]
[[Kategory:Byzantynsk generaal]]
[[Kategory:Byzantynsk politikus]]
[[Kategory:Keizer fan it Byzantynske Ryk]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is op it slachfjild]]
[[Kategory:Illyrysk persoan yn de Romeinske Tiid]]
[[Kategory:Persoan berne yn 328]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 378]]