Arkadius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 53 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q159369
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Arcadius.jpg|right|thumb|200px|'''Arkadius''']]
'''Arkadius''', (Latynsk: '''Flavius Arcadius''') ([[1 jannewaris]] [[377]] - [[1 maaie]] [[408]]) wie [[List fan Romeinske keizers|keizer]] fan it East-[[Romeinske Ryk]] fan [[383]] oant maaie 408. Hy wie de âldste soan fan [[TheodosiusTeodoasius de IGrutte]].
 
== Libben ==
Arkadius wie 18 jier âld doe't syn heit stoar en hy keizer waard. Syn broer [[HonoriusHonoarius|Flavius Augustus HonoriusHonoarius]], dy't keizer fan it Westen waard, wie doe noch mar 12 jier âld. Beide binne bot beynfloede troch harren reginten, Arkadius benammen troch [[Flavius Rufinus|Rufinus]].
 
Om [[399]] hinne liet [[Eudoksia]], de dochter fan eardere [[magister militum]] [[Bauto]] en de frou fan Arkadius, de wichtichste persoan efter de troan, op dat stuit [[Eutropius]], ferdwine. Dy [[eunuch]] hie oant dan de keamerhear fan Arkadius west. Eudoksia waard al gau keizerinne en sy liet Arkadius fier benefter. Sy wie it dy't foaral it ryk regearde en sy die dat mei hurde hân. Yn [[404]] stoar sy lykwols.
 
[[Ofbyld:Solidus-Arcadius-RIC 1205.jpg|250px|thumb|left|'''Arkadius''' op in ''solidus''. Op de efterside ferslaat Arkadius, mei in [[labarum]] yn de hân, in fijân.]]
Arkadius liet dêrnei it bestjoeren fan it ryk oer oan [[Antemius fan Byzantium|Antemius]], syn prefekt. Dat wie in bysûnder goede kar. Antemius tsjinne sawol Arkadius as syn soan [[TeodosiusTeodoasius II]]. Hy wie trou en in goed bestjoerder. Arkadius stoar lykwols frij jong yn [[408]] mar liet it ryk yn goeie hannen efter oan syn 7-jierrige soantsje, dy't Arkadius al 8 moanne nei syn berte as mei-keizer beneamd hie, want Anthemius bleau regint.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.roman-emperors.org/arcadius.htm {{aut|Geoffrey S. Nathan}}, art. oer Arkadius (395-408 A.D.), yn ''DIR'' (1998).]
 
[[Kategory:Romeinsk keizerpolitikus]]
[[Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk]]
[[Kategory:Byzantynsk politikus]]
[[Kategory:Keizer fan it Byzantynske Ryk]]
[[Kategory:Persoan berne yn 377]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 308]]