Maksintius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Maksentius to Maksintius: frysker
kt
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Follis-Maxentius-s3776.jpg|thumb|250px|right]]
'''MaksentiusMaksintius''', folút yn it [[Latyn]]: ''Marcus Aurelius Valerius Maxentius'' (sa. [[278]] - [[28 oktober]] [[312]]) wie [[List fan Romeinske keizers|Keizer fan Rome]] fan [[28 oktober]] [[306]] oant 28 oktober 312. Hy wurdt in [[usurpator]] neamd omdat er gjin rjocht hie op de titel en troch de oare keizers net erkend waard.
 
==Biografy==
MaksentiusMaksintius wie de soan fan keizer [[Maksimianus]] en syn frou [[Eutropia]]. Hy troude mei [[Faleria Maksimilla]], de dochter fan keizer [[Galerius]]. Sy hienen twa soannen, dêr't allinnich de namme bekend is fan de âldste [[Falerius Romulus]], dy't yn [[309]] op fjirtjinjierrige leeftyd ferstoar.
 
As de soan fan in Romeinske keizer hie it der alles fan dat MaksentiusMaksintius yn de takomst sels keizer wurde soe. Lykwols hie syn skoanheit in hekel oan him en dizze die der alles oan dat hy gjin keizer waard. Galerius krige keizer [[Diokletianus]] safier dat dizze der foar soarge dat MaksentiusMaksintius net [[Caesar (titel)|Caesar]] waard. MaksentiusMaksintius waard wol keazen yn de [[Rome (stêd)|Romeinske]] senaat as senator.
 
[[Ofbyld:RomaBasilicaMassenzioDaPalatino.JPG|thumb|left|De ''Basilica Maxentii''.]] Doe't [[Konstantyn de Grutte]] yn [[306]] keizer waard neidat syn heit [[Konstantius Klorus]] ferstoarn wie, giene yn de haadstêd al gau geroften rûn dat de [[Praetoriaanske garde]] troch him opheft wurde soe. De gardelieding bean MaksentiusMaksintius it keizerskip oan dy't dêrmei akkoard gong en sa waard MaksentiusMaksintius op 28 oktober troch de Praetoriaanske garde yn it poarper heft. Lykwols neamde MaksentiusMaksintius himsels gjin [[Augustus (titel)|Augustus]], mar ''[[prinseps]]'', om de oare keizers net tefolle út te daagjen. Datselde jier begûn hy mei de bou fan ''basilica Maxentii'' dy't bekend wurde soe as de ''[[Basilica Constantini]]'' en dat troch Konstantyn de Grutte ôfmakke wurde soe.
 
MaksentiusMaksintius besocht mear legitimityt te krijen en twong syn heit om meikeizer te wurden. Tegearre hienen sy in gebiet ûnder kontrole dat bestie út [[Itaalje]], [[Afrika (Romeinske ryk)|Afrika]], [[Korsika]] en [[Sardynje]]. Yn [[307]] waard MaksentiusMaksintius oanfallen troch in leger fan keizer [[Severus II]]. Yn Itaalje kocht MaksentiusMaksintius de troepen fan Severus om, naam him finzen en deade him healwei it jier 307. Sûnt dy tiid begûn MaksentiusMaksintius himsels ''Augustus'' te neamen. Datselde jier wie der ek in brân yn Rome dat de [[timpel fan Fenus en Roma]] ferwoaste. MaksentiusMaksintius liet de tempel restaureare as teken fan syn "heidenske" leauwen.
 
Lettter yn 307 foel Galerius Itaalje yn. Hy lei in belis om [[Interamna]], mar syn leger wie net machtich genôch om de stêd te oermasterjen. Underhandelings mei MaksentiusMaksintius rûnen speak doe't Galerius der achter kaam dat MaksentiusMaksintius syn troepen besocht om te keapjen. Galerius fertroude de boel net en luts him werom.
 
Njonken de ynvaasjes fan Severus en Galerius hie MaksentiusMaksintius ek in probleem mei syn heit, dy't tusken [[308]] en [[310]] ferskate pogingen die om him ôf te setten. De machtsposysje fan MaksentiusMaksintius kaam fierder ûnder druk te stean troch in opstân fan de ''vicarus'' fan Afrika, [[Domitius Aleksander]], yn 308. Ien jier letter hie hy him alwer ferslein, maar krige yn 'e tuskentiid wol te krijen mei in tekoart oan [[nôt]].
 
Yn [[312]] luts Konstantyn Itaalje yn om MaksentiusMaksintius ôf te setten. Op 28 oktober kaam it ta in definitive slach by [[Slach by de Milvyske Brêge|Rome]], dêr't MaksentiusMaksintius foarfêst ferslein waard. Yn de betizing fan de slach is hy yn it wetter fallen en ferdronken.
 
==Keppeling om utens==
*[http://www.roman-emperors.org/maxentiu.htm {{aut|M. DiMaio Jr.}}, art. MaksentiusMaksintius (306-312 A.D.), yn ''DIR'' (1997), (Ingelsk).]
 
[[Kategory:Romeinsk keizerpolitikus]]
[[Kategory:Keizer fan it Romeinske Ryk]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is troch ferdrinking]]
[[Kategory:Persoan berne yn 278]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 312]]