Ferskil tusken ferzjes fan "Kursyf"

202 bytes lytser ,  3 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
L
L
Yn it tiidrek 1525-1535 wie de kursyf it populêst yn Jeropa en foarme doe in baas konkurrint foar likegoed de âlderwetske gotyk as de nije romein, dy’t sels tydlik weromfoel en in hiel koart hoartsje (sawat 1529) krekt wat minder printe waard as de kursyf, mar dêrnei de oerhân wer krige.<ref name="Vervliet"/> Earst nei 1540 ferskynden ek kursive haadletters.<ref name="Wouda"/>
 
Yn de 17e ieu ferlear de kursyf syn status as ûnôfhinklike tekstletter en waard it kursieve [[alfabet]] as helpalfabet by it romeinske (rjochtopsteande) alfabet brûkt foar preliminaria, sitaten en referinsjes<ref name="Vervliet"/> of om te beklamjen of om bûtenlânske wurden oan te tsjutten.{{bron<small><sup>(boarne?||2014|06|11}})</sup></small>
 
== Brûken ==
=== Skriuwe ===
Kursive tekst wurdt gauris brûkt om de klam te lizzen, of om in frjemde útdrukking oan te tsjutten yn in tekst. Dêrnjonken wurdt it yn wittenskiplike teksten brûkt om fariabelen en grutheden oan te tsjutten (yn tsjinstelling ta ienheden, dy’t rjochtop set wurde). Ek wurde (yn akademyske wurken) titels fan publikaasjes lykas boeken, tydskriften en rapporten kursyf werjûn, ynklusyf eventuele ûndertitels; artikeltitels wurde lykwols tusken [[oanhellingsteken]]s skreaun..<ref>{{aut|G.A.I. Schuijt et al.}}, ''[http://auteur.kluwer.nl/documents/645545/b92a1b1a-8650-426b-a9a1-46170a1b8bbc Leidraad voor juridische auteurs. Voetnoten, bronvermeldingen, literatuurlijsten en afkortingen in Nederlandstalige publicaties.]'' (Deventer 2013) 27, 29, 31, 45, 50, 55, 63, 77. [[Wolters Kluwer|Kluwer]] ISBN 9789013115284</ref><ref>{{aut|P. de Buck et al.}}, ''Zoeken en schrijven. Handleiding bij het maken van een historisch werkstuk.'' (Baarn 2008) 97, 109-110, 131. ISBN 9789055742493</ref><ref>{{aut|[[Jan Renkema]]}}, ''Schrijfwijzer.'' (Den Haag 2009) 407. [[Sdu]] ISBN 9012108543</ref><ref name="taaladvies">{{Citeer web |url=http://taaladvies.net/taal/advies/vraag/1273 |titel=Aanhalingstekens en cursivering bij titels |werk=[[Taaladviesdienst]] |uitgever=[[Nederlandse Taalunie]] |bezochtdatum=11 juni 2014}}.</ref>
Titels wurde meast systematysk kursivearre, mei’t it op dy wize foar de lêzer yn alle gefallen helder is wêr’t de titel begjint en wêr’t dy ophâldt. As der om technyske redenen gjin opmaak mooglik of winsklik is, bygelyks yn e-mailberjochten, wurde oanhellingstekens oanret; as in tekst folslein kursyf stiet, bygelyks yn in kadertekstke, kin men de titel markearje troch se net-kursyf wer te jaan.<ref name="taaladvies"/>
 
=== Lêze ===
It lêstempo fan kursive lettertypen leit meast wat leger,{{<small><sup>(boarne?)</sup></small>|Bin benijd nei ûndersyksresultaten dy’t dit ûnderskriuwe|2014|06|11}} wat it minder gaadlik makket om hiele grutte lapen teksten yn op te meitsjen; dêr kin better in oare foarm fan typografyske aksentuearring, lykas ynspringen, brûkt wurde.
 
Kursive letters binne gauris ôflaat fan it hânskrift lykas dat op skoallen leard wurdt. Mei’t it ûnderwiis it lân oars is, binne der bytiden lanlike fariaasjes yn kursive printletters. Dêrtroch kin it lêzen noch minder maklik wurde.
Gauris is in kursive letter yn wêzen in oare lettertype, wêryn’t de measte letters dúdlik in oare foarm hawwe. By it mankearjen fan in echte kursive fariant wurde de letters wolris simpelwei skean lutsen wêrby’t de letterfoarm fan de romein dus de basis bliuwt. Dat neamt men [[oblyk]] of, yn it Ingelsk, ‘’slanted’’ of, yn it Frysk ‘’falsk kursyf’’.
 
It sil dúdlik wêze dat as der in kursyf beskikber is, dy de foarkar hat.{{bron<small><sup>(boarne?||2014|06|11}})</sup></small>
 
== Yn oare talen ==
1.534

bewurkings