Ferskil tusken ferzjes fan "Kursyf"

4 bytes lytser ,  3 jier lyn
L
→‎Skiednis: [[]] oars
L
L (→‎Skiednis: [[]] oars)
== Skiednis ==
[[File:Niccolo de Niccoli italic handwriting.jpg|thumb|Foarbyld fan [[Niccolò Niccoli|Niccoli]]'s skeane skrift dat ta it kursive type late.]]
As útfiner fan de kursyf jildt de [[humanist]] [[Niccolò Niccoli]] (1364–1437), dy’t him om [[1423]] hinne betocht..<ref name="Wouda">{{aut|B. Wouda et al.}}, ''[http://books.google.nl/books?id=kcLzDNjHSJQC&pg=PA19 In skatkistke út Reijerwaard: paleografyske atlas fan de argiven fan polder Ald- en Nij-Reijerwaard.]’’ (Hilversum 2002) 18-19. Utjouwerij Verloren ISBN 9065507043</ref> De [[FenesjaanskeFeneesje (stêd)|Fenesjaanske]] printer [[Aldus Manutius]] (1449–1515) wie de earste dy’t yn [[1499]] foar in rige wittenskiplike edysjes op lyts formaat in printletter snije liet troch [[Francesco Griffo]] neffens foarbyld fan de cancelleresca fan Niccoli. Yn [[1500]] ferwurke Manutius yn in yllustraasje op it titelblêd fan ‘’SAINT’’, 1347-1380’’ de earste printe kursiven. <ref>{{en}}[https://exhibitions.cul.columbia.edu/exhibits/show/type_to_print/roman/catherine SAINT CATHERINE OF SIENA, 1347-1380, Epistole CCCLXVIII], Columbia University Libraries / Information Services</ref> In edysje fan [[Vergilius]]' wurk waard yn [[1501]] it earste printe wurk fan de wrâld mei kursyfletters yn de tekst.<ref name="Wouda"/><ref>Encarta-encyclopedie Winkler Prins (1993–2002) s.v. "Manutius, Aldus". Microsoft Corporation/Het Spectrum.</ref> De ''corsiva'' (Latynsk: ''humanistica cursiva''<ref name="Vervliet"/>) sparre mear romte út as de[[romein (lettertype)|romein]] en de Gotyske letters (‘’brutsen skriften’’) dy’t oant doe ta foarhannen wiene.<ref name="Wouda"/> Dit alternative lettertype fersprate him letter oer oare Europeeske lannen, dêr’t it bekend waard as it ‘’Italjaanske skrift’’, yn it [[Ingelsk]] hjit kursyf ek noch altyd ‘’Italic’’,<ref name="Wouda"/> In ûnderwilens seldsume Nederlânske namme is ‘’italiek’’. Njonken Manutius’ ferzje ûntstiene tusken [[1501]] en [[1520]] noch achttjin oare kursiven yn [[Itaalje]], wylst de nije kursive printletter him oer Jeropa fersprate:[[Lyon]] (1502), [[Parys]] (1507, besykjen), [[Hillige Roomske Ryk|Dútslân]] (1510, besykjen), Parys (1517, slagge), [[Bazel (Switserlân)|Bazel]] (1519), de [[Nederlannen]] (1522) en [[Denemarken]] (1533). It wie de [[Aalst (
East-Flaanderen)|Aalsterske]] printer [[Dirk Martens (drukker)|Dirk Martens]] (1446–1534) dy’t de kursyf yn [[1522]] nei de Nederlannen helle.<ref name="Vervliet">{{aut|H.D.L. Vervliet}}, "[http://books.google.nl/books?id=hC__33d_NlwC&pg=PA8 Humanisme en typografie: de introductie van de romein en cursief in de Nederlanden (1483–ca. 1540)]" yn ''Boek, bibliotheek en geesteswetenschappen: opstellen door vrienden en collega's van dr. C. Reedijk geschreven ter gelegenheid van zijn aftreden als bibliothecaris van de Koninklijke Bibliotheek te s'-Gravenhage'' (Hilversum 1986) 328–329. [[Utjouwerij Verloren]] ISBN 9065503048</ref>