Boksum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
foto
Rigel 1:
[[Ofbyld:Map NL Menameradiel Boksum.png|thumb|300px250px|right|de [[himrik]] fan Boksum]]
'''Boksum''' is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente [[Menameradiel]]. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2004).
 
Rigel 5:
 
==Tsjerke==
[[Ofbyld:Exterieur - Boxum - 20039399 - RCE.jpg|thumb|250px|De Sint-Margaretatsjerke]]
De Sint Margaretatsjerke is boud op in [[terp]] en is omjûn troch in tsjerkhôf. De tsjerke waard oarspronklik boud om it jier [[1100]] en om [[1300]] hinne fergrutte. Yn de noardmuorre sit in tichtmitsele koerbôgige yngong út ûngefear 1500 mei in omlisting fan profylstien. De toer is yn 1843 boud nei in ynstroarting. Ein [[2003]] is de tsjerke, mei in oargel út [[1675]], restaureard. Yn [[2010]] is it oargel werombracht yn âlde steat.
Yn de maaitiid fan [[2002]] waard by de tsjerke in fersierde [[sarkofaach]] fan rôze sânstien fûn. De tsjerke fan Boksum hie altyd twa aparte ‘fakken’: Rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju.<br> De hearebank út [[1661]] hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra. Der is ek in tinkboerd út mei in opskrift oer de slach by Boksum yn 1586 út de tiid fan de Spaanske oerhearsking.