Roarik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
hjir en der wat noch lytse oanpassings, Rorik neamde himself kening
noch wat oan wurke + Literatuer tafoegt
Rigel 8:
Tegearre mei syn broer [[Harald]] oermasterre hy fanôf [[841]] de Fryske gebieten fanút de eilannen [[Wieringen]] (Rorik) en [[Walcheren]] (Harald). Keizer [[Lodewyk de Fromme]] moast him yn [[850]] del lizze by de hearskippy fan Rorik oer Fryslân. Yn datselde jier oermasterre Rorik de wichtigste stêden [[Dorestêd]] en [[Utert (stêd)|Utert]], wertroch de biskop fan Utert, [[Hunger]] him útwieke moast nei [[Deventer]]. De [[Frankyske Ryk|Frankyske]] keningen stienen machteleas tsjinoer de ynfallen fan de Wytsings en besochten de Wytsingslieders oan har ta bine troch grute gebieten yn lien te jaan.
 
Rorik makke Dorestêd ta sintrum fan syn Fryske machtsgebiet dat har útstrekke tusken it [[Fly]] en [[Maas]], dus sawat it hiele gebiet fan it tsjintwurdige [[Hollân]] (Noard en Súd) en [[Utert (provinsje)|Utert]].
Neidat er foarmeel it Grefskip oer Fryslân krige hat, besocht Rorik sûnder sukses kening fan Denemarken te wurden ([[854]]). Lykwols joech hy it plonderje net op. Yn [[857]] naam er [[Hedeby]] yn en yn [[859]] waard [[Bremen]] plonderre. Troch dizze tochten helle hy de woede fan de keizer op syn hals, dy't him it Greefskip oer Fryslân ôfnom. Yn [[863]] plonderde hy op'e nij Dorestêd, dat net mear opboud soe wurde.
 
De Friezen kamen yn [[850]] tsjin de hearskippy fan Rorik yn opstân, der't er tydlik Fryslân ferlitte moast. Lykwols socht Rorik tanadering by de Frankyske keningen [[Karel de Kale]] en [[Lodewyk de Dútser]] en waard yn [[870]] fan beiden in [[fazal]]. Hy stopte mei it hâlden fan plondertochten en krige dertroch syn Fryske lien tebek. Hy bekearde him ta it [[kristendom]] en kaam te ferstjerren yn [[880]]. Hy waard opfolge troch [[Godfried de Wytsing|Godfried]], de soan fan Harald.
 
==Literatuer==
* Gerlof Verwey, ''Geschiedenis van Nederland'', Amsterdam, 1995, siden 101 en 102.
 
[[kategory:Fryske greve]]