Content deleted Content added
Rigel 30:
== In pear opmerkings ==
 
Goeie, Mathys. Even in pear opmerkings. Alderearst: hartstikkene moai dat jo nei in skoft fan ôfwêzichheid wer sa aktyf binne op 'e Wikipedy. Fierders soe ik al graach sjen dat jo, as jo artikels oer persoanen oanmeitsje, se even sortearje op 'e efternamme troch by de kategoryen it "{ {DEFAULTSORT:Efternamme, Foarnamme} }" ta te foegjen. (Mar dan sûnder de spaasjes tusken de akkolades, dy't ik hjir deryn set haw om't oars jo oerlisside op 'e E fan Efternamme sortearre wurde soe. As dit net dúdlik is, sjoch dan oars marris by [[René van der Gijp]], hoe't ik it dêr dien haw.) En in [[county (Feriene Steaten)|county]] is net itselde as in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]]. Feitliks is in county opboud út ferskate gemeenten, dy't yn Amearika city, town, township ensfh. neamd wurde. As jo de Amerikaanske steaten lykslane mei ús provinsjes, dan binne de countys dus in bestjoerslaach tusken de provinsjes en de gemeenten yn, dy't we yn Nederlân net hawwe. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 6 maa 2017, 12.17 (CEST)