Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
Rigel 31:
 
Goeie, Mathys. Even in pear opmerkings. Alderearst: hartstikkene moai dat jo nei in skoft fan ôfwêzichheid wer sa aktyf binne op 'e Wikipedy. Fierders soe ik al graach sjen dat jo, as jo artikels oer persoanen oanmeitsje, se even sortearje op 'e efternamme troch by de kategoryen it "{ {DEFAULTSORT:Efternamme, Foarnamme} }" ta te foegjen. (Mar dan sûnder de spaasjes tusken de akkolades, dy't ik hjir deryn set haw om't oars jo oerlisside op 'e E fan Efternamme sortearre wurde soe. As dit net dúdlik is, sjoch dan oars marris by [[René van der Gijp]], hoe't ik it dêr dien haw.) En in [[county (Feriene Steaten)|county]] is net itselde as in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]]. Feitliks is in county opboud út ferskate gemeenten, dy't yn Amearika city, town, township ensfh. neamd wurde. As jo de Amerikaanske steaten lykslane mei ús provinsjes, dan binne de countys dus in bestjoerslaach tusken de provinsjes en de gemeenten yn, dy't we yn Nederlân net hawwe. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 6 maa 2017, 12.17 (CEST)
 
:Tige tank foar jo opmerkings en ynstruksjes. It sortearjen op efternamme wie my oant no ta noch frjemd, mar it liket net al te dreech om dat der efkes by te setten. Fierders ha jo gelyk wat de county's oanbelanget en dêr sil ik yn it ferfolch rekken mei hâlde. Nuver, want op eardere siden haw ik dy flater net makke. Nettsjinsteande, tige tank! [[Meidogger:Mathys1995|Mathys1995]] 6 maa 2017, 09.31 (MST)