Hugo de Groot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Michiel Jansz van Mierevelt - Hugo Grotius.jpg|thumb|''Hugo de Groot (1631)'']]
[[Ofbyld:Statue of Hugo Grotius.jpg|thumb|Stânbyld op de Markt yn Delft]]
'''Hugo de Groot''' ([[Delft]], [[10 april]] [[1583]] – [[Rostock (stêd)|Rostock]], [[28 augustus]] [[1645]]), ek wol bekend as '''Huig de Groot''' of '''Hugo Grotius''', wurke as jurist yn de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Hy wie ien fan de grûnlizzers fan it ynternasjonaal publykrjocht. Dêrneist wie De Groot skriuwer, filosoof en teolooch.
 
De Groot skreau [[Latyn]]ske [[trageedzje]]s en gedichten, [[teology|teologyske]] ferhannelingen en [[Nederlânsk]]e gedichten. Syn wichtichste wurken lizze op histoarysk en juridysk mêd. Syn ferneamdste wurk is ''[[De iure belli ac pacis]]'' ('Oer it rjocht fan oarloch en frede') út [[1625]]. Dat wurk is de basis foar it moderne [[Ynternasjonaal rjocht|folkerjocht]]. Hugo de Groot is ek ferneamd fanwege syn pleit foar de frij tagonklike see (en de frijhannel), it ''[[Mare Liberum]]'' (1609), dat earst yn 1864 weromfûn en publisearre waard. Rjochtsskiedkundigen fan no beskôgje Grotius as ien fan de grutste juristen ea. Grotius hat in ymminske ynfloed op it ynternasjonaal publykrjocht útoefene, syn ideeën oangeande de seefeart bygelyks oerhearskje noch in grut part fan it hjoeddeiske [[seerjocht]]. Yn it generaal wurdt oannaam dat Grotius it [[Natuerwet (etyk)|Vernunftrecht]] bepleite, mar dat is in misfetting, meidat it rjocht by him noch net autonoom is en it noch net los stiet fan [[God]]. Hy doar de stap nei in autonoom [[natuerwet (etyk)|natuerrjocht]] net te setten, meidat soks betsjutte koe dat God net bestean soe. Faaks mei er lykwols wol beskôge wurde as in foarrinner fan de grutte natuerrjochttinkers.