Utropteken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
útropteken
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 8 mai 2017 om 12.32

In ‘’’útropteken’’’ is in lêsteken dat brûkt wurdt om klam te jaan oan in wurd of sin. ‘’’!’’’ is it symboal dêr’t in útropteken mei stal jûn wurdt. Yn de wiskunde wurdt it symboal brûkt foar it begryp fakulteit.

  • Hee, do dêr!
  • Wêr hast it oer? Dêroer!

Mear útroptekens efterinoar jouwe mear klam:

  • Hy wit wier net wêr’t er mei dwaande is!!!
  • Jûn feest!!!

Inkeld folget op in flater yn in sitaat in útropteken tusken heakjes. Dat jout oan dat jo de flater net foar eigen rekken nimme en betsjut safolle as (sic).

  • “Myn kuozze Frânske dichter", skriuwt N., "is Beaudelaire". (!)

In oar gebrûk fan it útropteken tusken heakjes is it oanjaan fan sarkasme of irony. Benammen by dôve-ûndertiteling wurdt dat faak brûkt:

  • "Gerard? Dy is dochs wol sa aardich. (!)”

Dêrfoar wurdt it ironyteken ek wolris brûkt.

Spaansk

Yn it Spaanske (haadbetsjutting)|Spaansk]] begjint in part fan in sin dat einiget op in útropteken mei in omkeard útropteken (¡), bygelyks ‘¡Hola!’' Foar it útropteken wurdt de toetskombinaasje Alt+173 brûkt om ¡ te meitsjen.

Trivia

Drs. P hat in liet oer it útropteken skreaun.