Spaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
beskriuwing
 
Daam (oerlis | bydragen)
L stav
Rigel 1:
In '''spaasje''' is de romte dy’t yn skreaune tekst frijholden wurdenwurdt tusken twa [[wurd]]en. Op ‘e keper beskôge is de spaasje gjin [[lêsteken]], mar de lege romte tusken de wurden makket in tekst wol better te lêzen.
 
== Skiednis ==
It âldst bekende gebrûk fan it brûken fan tekens om wurden te skieden is fan fier foar it begjin fan ús [[jiertelling]]. Yn [[Syrië]] binne [[klaaitablet]]enten fûn fan sawat 1400 jier foar Kristus mei in alfabetysk [[spikerskrift]] dêr’t de wurden troch spaasjes of streekjes faninoar skaat wurde. Der binne ek foarbylden bekend fan it brûken fan wurdskiedingstekens yn it [[Hebrieusk]], [[Gryksk]] en [[Arameesk]] fan fier foar it begjin fan ús jiertelling. Sa binne der Arameeske [[transkripsje]]s bekend út de njoggende iuw foar Kristus dêr’t de wurden yn skaat binne.
 
Yn it [[Latynsk]] en it Gryksk waard al fan it begjin ôf gebrûk makke fan it [[kontinuskrift]] ('scriptio continua’), dêr’t alle wurden by yn in lange rige yn haadletters efterinoar skreaun waarden. Teksten waarden destiids meast opskreaun om se letter lûdop foardrage te kinnen foar publyk en dat barde komselden sûnder yngreven tarieding. De opskreaune tekst wie benammen as stipe foar it ûnthâld en it wie dan ek net wichtich dat de tekst flot lêzen wurde koe. Earst letter - doe’t teksten ek folle mear as kommunikaasjemiddel brûkt waarden - ûntstie ferlet fan in teken foar wurdskieding om teksten better lêsber te meitsjen.
De [[Romeinske Ryk|Romeinen]] wiene foar it oare al wol bekend mei it prinsipe fan wurdskieding. Hja brûkten inkeld al spaasjes, punten of streekjes om de wurden faninoar te skieden.
 
De earste teksten út de Westerske kultuer dêr’t systematysk en konsekwint spaasjes yn brûkt waarden, kamen út [[Ierlân (eilân)|Ierlân]] en binne fan tusken 600 en 800 nei Kristus. Om’t it Iersk folle minder besibbe is oan it Latynsk as bygelyks it Spaansk en Italjaansk, hiene de Ierske muontsen folle mear muoite mei it lêzen fan - yn spaasjeleas kontinuskrift skreaune - Latynske teksten as Spanjaarden en Italjanen. Om de LatynskLatynske teksten tagonkliker te meitsjen, begûnen se de wurdgrinzen ôf te beakenjen mei spaasjes. Dy gewoante soe him fierder fia Ingelân al gau oer hiele Jeropa ferspriede.
 
== Tekstopmaak ==
By it brûken fan net-proprosjoneleproporsjonele [[lettertype]]s, dêr’t elk teken krekt deselde breedte nimt, kin de spaasje brûkt wurde om de tekst op te meitsjen. Sa kinne teksten mei help fan spaasjes rjocht ûnderinoar set wurde yn in [[tabel]]. It brûken fan de [[Tab (toetseboerd)|tabstab]] hat oars de foarkar mei’t dy ek by it brûken by porsjonele lettertypen ta it winske resultaat liedt.
 
Yn âldere teksten waarden wurden ek wol spasjearre om se te beklamjen, of om oan te jaan dat it om in (boek)titel gong. Yn it hânskrift (ek wol [[kopij]] neamd) koe dat op ferskate wizen oanjûn wurde:
mei steande streken: s|p|a|a|s|j|e yn it hânskrift
* mei in stippelline ûnder de wurden
* mei in slingerlyntsje ûnder de wurden <ref>{{aut|L. Ronner, Jac. van der Kamp}}: ''Van leerling tot zetter'', side 22. N.V. Drukkerij "De Nieuwe Tijd" Amsterdam, 1915</ref>
Yn dy wurden waarden dan ''flueskes'' of ''heale punten'' troch de hânsetter tusken de letters set, en inkeld hiele punten. Sokke tinne spaasjes wiene meast fan read en giel koper makke.
 
Yn printwurk komt dat dan út as: s p a a s j e.
 
Op in byldskerm, dêr’t allinnich hiele spaasjes ynlaske wurde kinne, is dit eins net goed nei te dwaan. Mei dêrtroch is it brûken tsjintwurdich foar in grut part ferfongen troch wurden ''kursyf'' of '''fet''' te meitsjen.
 
== Heechdruk ==
 
By it [[setten (druktechnyk)|setten]] út leadletters is de spaasje in stikje [[metaal]] ([[lead (elemint)|lead]] of [[koper (elemint)|koper]] mei in tsjokte fan ½ oant 4 [[punt (mjitte)|punten]]) dat tusken de wurden foege waard. Ien fan de skaaimerken dêr’t heechdruk oan te werkennen is, is dat by gelegenheid sa’n blokje omheech kaam, sadat dat ''opkommen wyt’wyt'' mei de printinkt yn oanrekking kaam en as swart rjochthoekje printe waard.
 
Foar spaasjes dy’t de helte fan it [[korps (mjitte)|korps]] dik binne, wurdt de beneaming ''paske'' brûkt. In spaasje dy’t de dikte fan it korps hat, hjit ‘’kwadraat’’''kwadraat'' of ek wol fjouwerkantsje.
 
Yn de letterkast wiene spaasjes mei ferskate breedtes foarhannen. De breedtes wiene gauris relatearre oan de korpsgrutte fan de letter yn de kast: kwadraten, paskes, fearnen, achtsten, mar ek spaasjes op 1/3 of 1/6 korpsbreedte. De smelst beskikbere spaasjes binne ½, 1 en 1½ punt breed.
 
Hânsetters stiene lange tiid op stiklean: oant fier yn de njoggentjinde iuw waard in hânsetter achte sawat 800 kwadraten de oere te setten. Allinnich dan koe er genôch fertsjinje foar himsels en syn húshâlding. Yn 12 punt is dat in oerflak fan 40 rigels op 20 [[cicero]] breed. Yn seis punt 40 rigelrigels fan 10 cicero.
 
Dat hie gefolgen foar de typografy fan de útjeften út dy tiid:
Rigel 46:
It duorre noch wol in hoart ear’t in lytsere spaasjebreedte de noarm wurden wie, en ek de hânsetters harren âlde gewoantes litten hiene foar wat se wiene.
 
By ekstreem kursive letters koe it foarkomme dat in part fan it letterbyld safiersa fier oerhong, dat dat part fan de letter stipe wurde moast troch in ‘’heechspaasje’’''heechspaasje''. Oan it begjin of de ein fan it wurd koe dat nedich wêze, ‘’binnen’’''yn'' in wurd stypje letters inoar genôch by sokkersokke lettertypen. Sa’n heechspaasje wie dan net bedoeld as spaasje yn de betsjutting fan romte tusken letters of wurden, mar hie allinnich as doel meganyske stipe te wêzen om ôfbrekken by it printsjen foar te kommen.
 
== Hurde spaasje ==
Rigel 61:
 
== Yn URL's ==
Yn [[Uniform Resource Locator|URL's]] wurdt in spaasje gauris werjûn mei <koadecode>%20</koadecode>. 20 is de [[heksadesimaal|heksadesimale]] werjefte fan de [[ASCII (tekenset)|ASCII-koade]] foar in spaasje.
 
{{Boarnen|boarnefernijing=