Albrecht fan Saksen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
kt
Rigel 24:
 
Letter yn [[1464]] stoar karfoarst Freark II, en Albrecht en Ernst besletten tegearre oer Saksen te hearskjen. Yn [[1485]] waard Saksen lykwols oanfallen troch [[Thüringen]]. By it [[Ferdrach fan Leipzig]] waard Saksen yn twaen splist: Albrecht krige it westlik gedielte fan Saksen ([[Markgreefskip Meißen|Meißen]]), syn broer bleau Karfoarst fan Saksen, en hold de kontrôle oer de eastlike dielen fan Saksen ([[Wittenberch]]). Omdat Saksen-Meissen folle riker wie as de Ernestynske dielen fan Saksen, en Albrecht no ek it noarden fan Thüringen yn wist te liivjen, waard Albrecht ferplichte 100.000 florijnen te beteljen oan Ernest as skeafergoeding. Dy ûngelike dieling fan Saksen late 80 jier letter ta in konflikt tusken de beide lynjes.
[[Ofbyld:Herzog-Albrecht-der-Beherzt.jpg|thumb|left|160px|''Albrecht fan Saksen'']]
 
Yn [[1475]], yn de kampanje tsjin [[Karel de Stoute]] fan [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]] krige Albrecht in soad lof as in kapabel militêr lieder, en yn [[1487]] late hy in ekspedysje tsjin Kening [[Matthias Corvinus fan Hongarije]], dy't lykwols mislearre omdat keizer Freark III te min steun tasei.
Line 30 ⟶ 31:
 
== Yn Fryslan en Grinslân ==
[[Ofbyld:Herzog-Albrecht-der-Beherzt.jpg|thumb|''Albrecht fan Saksen'']]
 
As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn [[1498]] ta gûverneur (''[[potestaat]]'') fan [[Fryslân]]. Fryslân, de [[Ommelannen]] ynbegrepen, hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de [[15e iuw]] it striidtoaniel fan de konflikten tusken [[Skieringers en Fetkeapers]]. De stêd [[Grins (stêd)|Grins]] like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrôle te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. [[Grinslân]] waard binnenfallen troch de greve fan [[greefskip East-Fryslân|East-Fryslân]].
 
Line 48 ⟶ 47:
[[Kategory:Hûs Wettin]]
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1443]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1500]]