Transkripsje (taalkunde): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Drewes moved page Transkripsje to Transkripsje (taal)
Rigel 14:
By [[transliteraasje]] is it doel om it skrift fan in taal sa krekt mooglik oer te setten yn in oar type skrift, wêrby’t der nei stribbe wurdt in letter nei letter sekuere omsetting te krijen.<ref name="koenen" /> Transkripsje belanget yn taalkundige sin gewoanwei of in ''fonetyske transkripsje'' of in ''fonologyske transkripsje'' oan. In fonetyske transkripsje is de werjefte fan taaluterings yn in fonetysk skrift lykas bygelyks it [[Ynternasjonaal Fonetysk Alfabet]], wêrby’t sawol [[Foneem|fonemen]] as [[allofoan|allofoanen]] ûnderskieden wurde. In fonetyske transkripsje wurdt yn wittenskiplike publikaasjes gauris tusken rjochte heakken set. In fonologyske transkripsje ûnderskiedt allinnich fonemen en is om dy reden sa sekuer net. Foar it ûnderskied wurdt dy transkripsje gauris tusken skeane streken set.<ref name="kost">Kost, 1990, p. 76.</ref> As de taal dy’t werjûn wurdt in eigen fonologysk alfabet hat, kin in ''fonologyske'' transkripsje (fan de sprutsen taal) oerlaapje mei de transliteraasje fan de skriuwtaal.
 
Wurden fan bygelyks it [[SjineeskSineesk]] kenne ferskate transkripsjes; sa is [[Peking]] yn it [[hanyu pinyin]] ''Beijing'' en yn it [[Wade-Giles]]systeem ''Pei-ching''.
 
== Bibliografy ==