Adûllamtsjerke (Barneveld): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 36:
Fanwegen de groeiende mienskip fan de Grifformearde Gemeenten yn Barneveld waard yn 2002 besletten om de besteande gemeente op te dielen yn Barneveld-Sintrum en Barneveld-Súd. Foar de besteande gemeente yn it sintrum bleau de Rehobothktsjerke oan de Nairacstrjitte tsjinst dwaan, mar foar de twadde gemeente Barneveld-Súd moast in nije tsjerke boud wurde.
 
Yn septimber 2007 waard útein set mei it wurk en yn desimber 2008 waard de nijbou iepene. De Adûllamtsjerke krige 1375 sitplakken en dat tal kin mei noch ris 475 plakken útwreide wurde troch it ynbouwen fan in kreake. Nei de oerdracht fan it gebou oan de tsjerkeried spriek dûmny C. Hogchem út 1 [[1 en 2 Samuël|Samuël]] 22:1 en 2 oer de grot fan Adûllam.<ref>http://www.digibron.nl/search/detail/89cde85f6978172c213aa1d48c7d841f/nieuwe-kerk-hhg-oud-beijerland</ref>
 
Ein 2011 waard in nij oargel fan 34 registers yn gebrûk nommen, dat boud waard troch it [[Grinslân|Grinslanner]] oargelbedriuw Mense-Ruiter út Súdwolde (tsjintwurdich Ten Post).<ref>http://menseruiterbarneveld.webs.com</ref>