Suwâld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "193.172.16.124" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "Drewes".
No edit summary
Lebels: Mobile bewurking Bewurking mobile webstee
Rigel 14:
'''Suwâld''' is in doarp yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]], súd fan [[Hurdegaryp]] en tsien kilometer súdeastlik fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] op de râne fan de [[Fryske Wâlden]]. It doarp hie likernôch 622 ynwenners yn [[2006]]. De bewenners wurde ek wol 'kaäniten' neamd.
 
De namme komt fan ''suderwâld''. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de [[Wide Ie]]. Oan beide kanten fan de sânrêch lei [[leechfean]]. It doarp komt al as ''Suethawald'' foar yn [[1328]] en as ''Zuwawald'' yn [[1419]]. Yn de [[12e iuw]] moat der al in tsjerkje stien hawwe.
 
Suwâld hat de earste sinnepont fan'e wrâld, dizze pont mei de namme 'Schalkediep' fart oer it [[Prinses Margrietkanaal]] en wurdt in soad brûkt troch fytsleafhawwers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.
 
== Mienskip ==