Hânskrift (dokumint): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
manuskript fersus hânskrift
Rigel 4:
 
'''Skrift''' of '''hânskrift''' is in sammelnamme foar dokuminten dy’t mei de hân skreaun binne. Dat kinne dokuminten wêze dy’t (fier) fóár de útfining fan de [[boekprintkeunst]] skreaun binne, dokuminten dy’t skreaun binne by en koart nei de útfining fan de boekprintkeunst, en dokuminten dy’t nettsjinsteande de oerhearskjende posysje fan printe wurken dochs mei de hân skreaun waarden. It materiaal dêr’t de tekst op skreaun is, hjit de drager. Yn it gefal fan hânskriften is dat benammen [[papyrus]]. Hânskriften binne der yn ferskate formaten: boek (codex), rôle of ek losse fellen.
 
== Hânskrift fersus (modern) manuskript ==
Letterlik is in '''manuskript''' in mei de [[hân]] skreaune [[tekst]]. Meast wurdt dêr in tekst fan in noch net publisearre [[boek (lêsboek)|boek]] mei bedoeld. Dat wurdt ek wol de [[kopij]] neamd. In ''typte'' mar net printe tekst hjit in ''typoskrift''. In soad útjouwers ferwachtsje dat de nei har opstjoerde ‘typoskripten’ masinaal mei in tekstbewurker opmakke binne en neame dat dochs faak in 'manuskript'. Eins wurdt de term ‘manuskript’ dan ferkeard brûkt. Koartsein: in 'hânskrift' is altyd in 'manuskript', mar in ''manuskript'' yn de hjoeddeistige foarm lang net altyd in 'hânskrift' yn de werklike betsjutting fan it wurd.
 
Manuskripten en typoskriften kinne wichtich wêze foar de letterkundige of histoaryske bestudearring fan in tekst, benammen troch de ferskillen tusken hânskreaune en printe tekst. Se wurde ek wol sammele; sa brocht it hânskrift fan de [[roman]] ''De Avonden'' fan [[Gerard Reve]] op in feiling yn 1996 160.000 [[gûne]] op, omrekkene goed 94.000 euro’s fan 2008.
 
== Skiednis ==