Skriuwplankje fan Tolsum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Vysotsky (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:TolsumAchterzijde rechterkant.jpg|thumb|200px|Part fan de rjochterside fan de efterkant fan it taffeltsje mei in pear letters sichtber]]
It '''skriuwplankje fan Tolsum''' is in skriuwplankje of [[waakstaffeltsje]] út de [[Romeinske Ryk|Romeinske tiid]] mei dêrop de âldst skreaune tekst fan [[Nederlân]]. It plankje is fûn by it ôfgraven fan de terp fan [[Tolsum (Frjentsjerteradiel)|Tolsum]] by [[Tsjom]] yn [[1914]]. De tekst is skreaun yn it [[Latyn]].
 
De oarspronklike ynterpretaasje, troch prefester [[Carl Wilhelm Vollgraff|C.W. Vollgraff]], wie dat der in keapkontrakt op stie, wêrby't Stelus, soan fan Riparius, foar 115 sestertiën in ko ferkocht oan Gargilius Secundus. Begjin 21e iuw waard oannimlik makke dat it it lêste part is fan in kontrakt dêr't in jildliening yn fêstlein wurdt, benammen dat dy oan de slaaf Carus werom betelle wurde soe.