Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 19:
 
=== Midsiuwen (tusken sawat 400 en 1400 nei Kristus) ===
Om fersliten boeken te ferfangen of mear eksimplaren te meitsjen, waarden de [[manuskript]]en mei de hân en in oanskerpe reidpinne of [[guozzefear]] oerskreaun troch saneamde ''kopiïsten'' Yn de âldheid barde dat meastentiids yn de [[hellenisme|hellenistyske]] bibleteken yn opdracht fan de oerheid, inkeld ek yn opdracht fan rike útjouwers dy’t meardere eksimplaren brek wiene foar de ferkeap. Yn de [[Midsiuwen]] fertrouden se dat wurk meast ta oan [[muonts]]en yn [[kleaster]]s. Dêr hiene se by de kleaster[[bibleteek]] meast in spesjale skriuwromte foar, it [[scriptoriumskriptoarium]]. Dêr koene de muontsen der sa lang oer dwaan as nedich wie om in boek kreas oer te skriuwen; boppedat pasten se faak [[kalligrafy]] ta en allerhande fersierings en yllustraasjes. It wurd [[muontsewurk]] hat dêrom de betsjutting krigen fan langduorjend en sekuer wurk. Se brûkten dêr swarte inket by; reade inket keazen se foar de fersierings en begjinletters.<br /> De kopiïsten skreaune mei ferdrach mar troch ûnkunde en wurgens net altyd frij fan flaters boeken oer fan de saneamde [[lizzer (register)|lizzer]] of it oarspronklik besteande boek. Troch it muoisume wurk fan it kopiearjen begûn de hiele lea linkendewei sear te dwaan. Hoewol’t mar ién hân ferweegde rekke de hiele lea stikken. Fersinnen sjogge jo nei kontrôle yn baren troch de tekst bewegen, op dy stuiten dat it omtinken fan de kopiïst nei skoften wurk minder waard. Sa makke in kopiïst fan [[Godfried fan Bouillon]] de ûnbekende figuer ‘Godefridus fan Beliren’. In oare kopiïst skreau ea oer de mem fan God [[Maria (mem fan Juzes)|Maria]] yn stee fan 'een rose boven alle bloemen' slim ôfwêzich 'haese boven alle bomen'.<br />
Ien fan de bekendste hânskriften út dat tiidrek is it [[Brugge|Brugske]] [[Gruuthuse-hânskrift]] fan om 1400 hinne, dat eaget as in mânsk boekwurk.