Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 26:
 
=== Utfining boekprintkeunst ===
De útfining fan it printsjen mei losse letters op papier makke fan healwei de [[15e iuw]] ôf it ûntjaan fan de meganyske [[boekprintkeunstboekdrukkeunst]] mooglik. Mooglik bestie dy keunst yn it Fiere Easten, Midden-Amearika en it Midden-Easten al earder en is dy as it ware hieltyd fannijs útfûn. Yn [[1442]] waard it allerearste mei losse letters printe boek útjûn. It earste boekwurk dat yn oplage printe waard wie de [[Gutenbergbibel]]. Dêrnei kaam de massaproduksje fan boeken flot op gong. Boeken dy’t set binne mei losse letters, printe fóár 1 jannewari 1501 yn Jeropa, wurde [[Ynkunabel|ynkunabelen]] neamd. It printsjen mei losse letters waard letter ferfongen troch allerhande oare en flottere printtechniken lykas de rotaasjedruk dêr’t de printplaat silinderfoarmich by is. Dy printsilinder waard om in rôle dien en yn in drukmasine set dêr’t fia ferskate oare rôlen in rôle papier troch fierd waard. Dêrtroch koe yn in kontinu proses tige flot printe wurde.<br />
Troch de boekprintkeunst ferdwynt stadichoan it hânskrift út de literatuer as opslachfoarm. It oerlibbet noch as helpmiddel foar [[akteur]]s, kladden foar skriuwers en kopij foar printers.