Polygoonsjoernaal: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Drewes moved page Polygoon-sjoernaal to Polygoonsjoernaal over redirect
LNo edit summary
Rigel 1:
It '''Polygoon-sjoernaalPolygoonsjoernaal''' is in sammelnamme foar twa [[Nederlân]]ske bioskoopsjoernaals, nammentlik ''Neerlands Nieuws'' en ''Polygoon Wereldnieuws'', beide makke troch de firma Polygoon-Profilti.
[[File:Polygoon_1000ste_Hollands_Nieuws_speech_door_de_heer_Van_Staveren.ogv|thumb|right|250px|D. van Staveren sprekt by gelegenheid fan de 1000e ôflevering fan it Polygoon Hollânsk Nijs]]
 
Rigel 7:
De klam lei hieltyd op objektiviteit en betrouberens fan it nijs; oan de oare kant moast Polygoon as kommersjeel bedriuw oppasse foar it fan him ferfjemdzjen fan it bioskooppublyk. Dêrom hiene sy in foarkar foar ûnderwerpen dy't net al te moeilik wiene en dy't moaie bylden opleveren. Sa drige der yn kabinetskrisis yn 1935, dy't it sjoernaal helle middels in taspraak fan [[Hendrikus Colijn|Colijn]] dy't de sjogger oproep om mar kalm ôf te wachtsjen: ''Laat uw vakantie niet in de war sturen door nieuwe zenuwachtigheid''. Ek wie it benei altyd moai waar yn Nederlân neffens de bylden fan it sjoernaal. Sels de Dútske ynfal yn Nederlân yn [[1940]] waard brocht yn loftige bylden, sa liet men in famke sjen dy't in presintsje oan in Dútske soldaat jout.
 
Ek ûnder de besetting fan Nederlân yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waarden der Polygoon-sjoernaalsPolygoonsjoernaals útstjoerd. Dy joegen meast [[propaganda]] foar de Dútsers. Teffens waarden der foar en yn de oarloch propagandafilms makke foar de [[NSB]].
 
Nei de oarloch kaam dat Polygoon op krityk te stean. Dêrnei begûn lykwols gloarjetiid fan it Polygoon-sjoernaal yn de bioskoop. Leafst 400 bioskopen brochten alle wiken it ''Neêrlands Nieuws'' en it ''Wereldnieuws''. Fan 1946 ôf wie redakteur [[Philip Bloemendal]] (1918-1999) as kommintator by it Polygoon-sjoernaal belutsen en dat soe er 40 jier lang bliuwe. Syn stimlûd hat in ûnferjitlik stimpel op it Polygoon-sjoernaal set.
 
Doe't de [[telefyzje]] yn Nederlân opgong makke yn de jierren 50 waarden de Polygoon-sjoernaalsPolygoonsjoernaals in wolkomme boarne foar [[dokumintêre]]makkers. Der wie in Polygoonargyf ûntstien mei bylden dy't foar allerhanne produksjes brûkt wurde koene, in saneamd ''stock shot''-argyf. Fia útwikselingskontrakten mei útlânske bioskoopsjoernaals koe boppedat in geunstich byld fan Nederlân ferspraat wurde. In protte eleminten fan de [[Ferpyldering|ferpyldere]] mienskip en oare hulten en bulten bleaune bûten de útstjoerings. Utsein by taspraken, waarden natuerlike lûden faak yn de studio neidien.
 
It sjoernaal brocht bysûndere bylden, lykas de besite fan [[The Beatles]] oan Amsterdam en it tichtsjen fan it lêste gat fan de [[Ofslútdyk]], it [[bombardemint op Rotterdam]] en in soad filmbylden fan it [[Nederlânsk keningshûs]].
 
Dat it publyk belang fan Polygoon wie in feit. Doe't it der yn [[1963]] op like dat it Polygoon-sjoernaalPolygoonsjoernaal ophâlde moast fanwege jildkrapte en in oerheid dy't net stypje woe, waard it publyk lilk en de filmwrâld noaske it ek net. Dat hie súkses en de oerheid gie om: middels subsydzjes waard it sjoernaal oant [[1984]] yn stân holden.
 
It Polygoon-sjoernaalPolygoonsjoernaal bestie oant 1987. Doe wie it bioskoopsjoernaal foarfêst ynhelle troch de deistige telefyzjesjoernaals. It argyf waard yn 1984 foar fjouwer miljoen gûne oernaam troch de [[Nederlandse Omroep Stichting]], letter it [[Nederlands Omroepproduktie Bedrijf|NOB]] en wurdt no beheard troch it [[Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid]] yn Hilfertsom. Yn it ramt fan it ''Open Beelden-project'', jout it ynstitút geregeldwei Polygoon-sjoernaals ta foldwaan fan [[Wikimedia Commons]].
 
== Foarbylden fan Polygoonsjoernaals ==