Katern: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
beskriuwing
 
LNo edit summary
Rigel 1:
[[File:Bookbinding tied block.jpg|thumb|Meardere katerns wurde ynbûn foar in boek]]
Yn syn algemiene betsjutting is in '''katern''' in samling fan in tal yninoar skode tearde blêden [[perkamint]] of papier dy’t de basisienheid foarmje by it [[Boekbine|binen fan in boek]] of in [[brosjuere]]. Yn de terminology fan de boekbinerij is in ''katern'' eat dat ûntstiet troch ién [[Folium (blêd)|folium]] of [[piano (boeken)|piano]]-fel foar printwurk opienfolgjend in tal kearen te tearen neffens it saneamde [[ynslachskema]]. Faak wurdt it fel hieltyd oer de midden teard; it tal siden fan in katern is dan in macht fan 2. By de produksje fan in [[Boek (dokumint)|boek]] wurdt in tal fellen printe en dêrnei ta katerns teard. Dan wurde dy katerns yn in [[bynstrjitte]] sammele ta in [[boekblok]], dêr’t in [[omslach]] omhinbeomhinne lime wurdt. As it fel faker as ienkear teard is, komme de siden earst los faninoar as it boek snien wurdt. Foarhinne waarden ek wol boeken ferkocht dêr’t de siden noch net fan lossnien wiene.
 
==Skiednis==
Rigel 7:
Se koene katerns ek gearstalle troch meardere bifolia yninoar te skowen en sa te sammeljen yn in katern. Op dy wize koene katerns ûntstean dy’t net troch it midstroch tearen fan perkamint of papier makke wurde koene lykas de quinon (quintinion) besteande út fiif bifolia of it trinion (ternion) mei trije bifolia. Yn de midsiuwen waard dy technyk brûkt foar it gearstallen fan katerns frij algemien brûkt en as it katern ûntstie troch tearen waard it hiel wol iepen snien foar it beskriuwen of beskilderjen mei miniatueren. It bifolium wie de ‘’wurkienheid’’ fan de skriuwer en de ylluminator.
 
It formaat joech ek in sekere status oan it boek mei. Sa wie it ''Houwelijck'' fan [[Jacob Cats]] yn 1647 te keap yn twa edysjes. De ''yn kwarto'' ferzje jilde fiif gûne wylst de duodesimo edysje mar ién gûne en fjouwer stuorren gou, mei oare wurden mar in fjirde fan de gruttere útjefte.<ref>B. van Selm, ''... te bekomen voor een Civielen prijs''. De Nederlandse boekprijs in de zeventiende eeuw als onbekende grootheid, 2001 dbnl. s.98</ref>
 
== Bifolium ==