Kompjûter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Utwreiding
Rigel 1:
[[File:Desktop personal computer.jpg|thumb|Pc anno 2006]]
In '''kompjûter''' is in apparaat dat neffens in programma gegevens ferarbeidet. De measte kompjûters binne [[digitaal]], mar der binne ek [[analoge kompjûters]].

In '''personal computer | persoanlike kompjûter''', meast - ek yn it Frysk - ôfkoarte as '''pc''' is in [[kompjûter]] foar eigen gebrûk. De pc wurdt brûkt foar it útfieren fan ferskate taken, lykas [[administraasje]], [[Tekstferwurker|tekstferwurking]], tagong ta it [[ynternet]], programmearjen, grafysk wurk en [[kompjûterspul]]tsjes, mei troch de brûker kant-en-klear oanlevere krigen [[kompjûterprogramma|kompjûterprogramma’s]]. In kompjûter wurdt ûnder mear brûkt by [[arbeidzje]]n, [[Underwiis|ûnderwiis]], [[skoalle]] en [[leafhawwerij]].

== Skiednis ==
[[File:IBM PC 5150.jpg|thumb|IBM Persoanlike Kompjûter, type 5150 út 1981]]
De earste kompjûter wie ree op [[5 desimber]] [[1941]], de [[Z3]] fan [[Konrad Zuse]]. Mar om't dat yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie, en om't de Z3 yn [[Dútslân]] op it ein fan de oarloch troch in bombardemint ferneatige waard, wie dat net by eltsenien bekind, en nei de oarloch tocht men dêrtroch dat de [[ENIAC]], yn de [[Feriene Steaten fan Amearika|Feriene Steaten]], ree op [[14 febrewaris]] [[1946]], de earste echte kompjûter wie.

Line 15 ⟶ 18:

Mei it goedkeaper wurden fan de byldskermen kamen dêr ek [[kompjûterspul]]tsjes by en mei it better wurden fan de byldskermen kamen der ek [[byldbewurking]]stapassings. Yntusken binne kompjûters ynboud yn in protte "yntelliginte" apparaten en no't hieltiid mear kompjûters troch it [[ynternet]] ferbûn binne, wurde kompjûters mear en mear brûkt foar kommunikaasje, it finen fan ynformaasje, en it skriuwen fan in [[Haadside|ensyklopedy]].

== Software ==
De [[software]] (kompjûterprogrammatuer) foar in kompjûter kin ûnderdield wurde yn in tal kategoryen:
[[BIOS]], ''Basic Input/Output System'', bestiet út de meast basale funksjes dy’t it oanstjoeren fan ''hardware'' lykas ûnthâld, hurde skiif ensafh. mooglik meitsje. It BIOS wurdt levere yn in [[Read-only memory|ROM-tsjip]], en wurdt start sadree’t de kompjûter oanset wurdt.
[[Bestjoeringssysteem]], bestiet út ''software'' dy’t it mooglik makket om kompjûterprogramma’s út te fieren. Yn it bestjoeringssysteem sitte alle ûnderdielen dy’t it mooglik meitsje om de BIOS-funksjes te brûken, mar ek foar it oanstjoeren fan râne-apparaten (mei [[Stjoerprogramma|drivers]]), it befeiligjen fan de kompjûter (troch brûkersprofilen te definiearjen en autorisaasje te jaan), en de grafyske omjouwing dy’t it mooglik makket de kompjûter mei mûs en/of toetseboerd te betsjinjen. As bestjoeringssysteem fan persoanlike kompjûters hat [[Microsoft Windows|Windows]] fan [[Microsoft]] it grutste merkoandiel. Oare bestjoeringssystemen binne [[Linux]] (dy’t yn ferskate ''distribúsjes'' (''distro’s''), troch ferskate leveransiers levere wurde, lykas [[Red Hat]], [[SUSE Linux|SUSE]], [[Debian]] en [[Mandriva Linux|Mandrake]]), en it bestjoeringssysteem foar [[Apple Inc.|Apples]] [[Apple Macintosh]] ([[Mac OS]], of it aktuelere [[OS X|Mac OS X]]).
Services, foar Windows, of [[Daemon (Unix)|Daemons]], foar Unix, binne prosessen dy’t op de eftergrûn draaie foar beskate saken dy’t allegeduerigen aktyf wêze moatte.
[[Applikaasje]]s (tapassings) binne programma’s dy’t mei in beskaat doel makke wurde of oantúgt. Foarbylden dêrfan binne tekstferwurkers, lûdsferwurkers, rekkenrprogramma’s,[[webbrowser|webblêder]]s en [[Database|databaseprogramma's]]. Guon applikaasjeprogramma’s kinne by in bestjoeringssysteem ynbegrepen wêze.
Ark of ''utilities'' binne helpprogramma’s foar bygelyks it sels skriuwen fan programma’s ([[compiler]]s, [[interpreter]]s, [[Integrated development environment|IDE's]], en sokssawat), [[webserver]]s, [[mailserver]]s, ensafh..

== Underdielen ==
[[File:Personal computer, exploded 5.svg|thumb|'''Tekening fan in persoanlike kompjûter'''
1. [[Byldscherm]]
2. [[Memmeboerd]]
3. [[Prosessor (kompjûter)|Prosessor]] (CPU)
4. [[wurkûnthâld (kompjûter)|Wurkûnthâld]] ([[Random-access memory|RAM]])
5. [[Ynstekkaart|Utwreidingskaarten]] ([[Peripheral Component Interconnect|PCI]])
6. [[Power supply unit|Fieding]]
7. [[Optyske skiif]] ([[cd-rom]], [[dvd]], [[blu-ray]])
8. [[Hurde skiif]]
9. [[Toetseboerd (kompjûter)|Toetseboerd]]
10. [[mûs (kompjûter)|Mûs]]]]
In typyske pc-opstelling bestie(t) út in systeemkast en [[Râne-apparatuer (ynformatika)|râne-apparatuer]], lykas [[byldskerm]], [[Toetseboerd (kompjûter)|toetsebord]] en [[Mûs (kompjûter)|mûs]].

De systeemkast (mooglik mei ynboud byldskerm) befettet altyd:
* it [[memmeboerd]], mei dêr in [[Prosessor (kompjûter)|prosessor]], [[Wurkûnthâld (kompjûter)|wurkûnthâld]] en útwreidingsslotten yn.
* de [[fieding (elektroanika)|fieding]], in [[apparaat]] dat de [[ljochtnet|netspanning]] omset yn ferskate [[lykspanning]]s fan 12; 5 en 3,3 [[Volt (ienheid)|volt]] leveret foar de ferskate [[elektroanyske komponint|komponinten]] yn de kast.
* ien of mear [[hurde skiif|hurde skiven]] of in [[solid state drive]] foar it opslaan fan gegevens.
* in [[fideokaart]] dy’t oansluting fan it byldskerm mooglik makket; tsjintwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd.

Fierder hat de systeemkast sa goed as altyd:
* in [[lûdskaart]] dy’t oansluting fan lûdsapparatuer mooglik makket; tsjinwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd
* in [[netwurkkaart]] dêr’t de pc mei op in netwurk oansluten wurde kin, tsjintwurdich faak yntegrearre op it memmeboerd.
* in [[cd-rom]]spiler en/of [[Digital Versatile Disc|dvd]]-spiler, cd-brâner en/of dvd-brâner

Op de pc wurdt ek eksterne [[Râne-apparatuer (ynformatika)|râne-apparatuer]] oansletten, meast op in [[oanslútpoarte]], mar tsjinwurdich ek [[triedleas]] oanstjoerd, mei [[Wi-Fi]], [[ynfraread]] of [[Bluetooth]]. Der binne (stân 2015) noch inkelde wichtige typen oanslútpoarten oer:
[[Universal Serial Bus|USB]]-oansluting (Universal Serial Bus), in standerdisearre oansluting foar printers, skenners, toetseboerd, mûs, ûnthâldkaartlêzers en allerhande oare apparatuer
[[Digital Visual Interface|DVI]], [[Video Graphics Array|VGA]] of [[High-Definition Multimedia Interface|HDMI]] foar it byldskerm
[[Twist pear|Cat5]]-oansluting foar in betriedde netwurk ([[ethernet]]).

== Tiidbalke ==
* Yn [[1975]] waard de [[Altair 8800]] makke. Dy kompjûter foar thús moast sels yninoar set wurde. Dy kompjûter hie gjin byldskerm en gjin toetseboerd, mar skeakelders en lampkes.
* Yn [[1977]] yntrodusearre Apple de [[Apple II-familie|Apple II]], de earste súksesfolle pc mei in monitor en toetseboerd om gegevens yn te fieren. Troch de komst fan [[VisiCalc]], it earste rekkenprogramma, seach de saaklike merk it nut fan de pc.
Apple hie it yn syn reklame-uterings oer de [[Apple II]] al oer in ''Personal Computer''; [[IBM]] wie lykwols as earste fabrikant dy’t syn kompjûters de type-oantsjutting ''Personal Computer'' joech, en waard dêrtroch wol de bekendste.
* [[12 augustus]] 1981: De earste [[IBM Personal Computer]] wurdt foarsteld op in parsekonferinsje yn it [[Waldorf-Astoria Hotel]] yn [[New York (stêd)|New York]].
* Yn [[1984]] yntrodusearre Apple de [[Apple Macintosh]], de earste kompjûter mei in grafyske brûkersomjouwing. Dat betsjutte in revolúsje foar de kompjûtermerk.
* Yn [[1985]] yntrodusearre [[Microsoft]] de earste ferzje fan [[Microsoft Windows|Windows]]. Dat wie de earste grafyske brûkersomjouwing foar IBM-kompatibele kompjûters. Yn tsjinstelling ta de Macintosh is dy op meardere kompjûters te brûken yn stee fan allinnich op eigen produkten, dêr tanket Windows syn súkses oan. De earste ferzje waard lykwols gjin súkses.
* Yn [[1992]] brocht Microsoft [[Windows for Workgroups 3.1|Windows 3.1]] út. Fan Windows 3.1 ôf krige [[Microsoft Windows]] grutte bekendheid. Dat is benammen te tankjen oan de tekstferwurker [[Microsoft Word|Word]], en troch de opkomst fan [[multymedia]] en [[ynternet]].
* Yn datselde jier bringt [[Linus Toralds]] de earste ferzje fan [[Linux]] út, in 32-bits-, [[opensourcesoftware|opensource]]-, multybrûker-, [[multytasking (kompjûter)|multytasking]] [[POSIX]]-bestjoeringssysteem dat op in persoanlike kompjûter draait.
* Yn [[1995]] brocht Microsoft [[Windows 95]] út. Dy kin multytaske en hat as earste Windowsferzje de taakbalke mei de startknop. Dat wie ek de earste 32-bitsferzje fan Windows. Foar thúsgebrûk soe pas fan [[Windows XP]] yn [[2001]] ôf gjin [[MS-DOS]] mear brûkt wurde.
* De stân fan saken yn [[2017]] is dat [[Smartphone]]s en [[Tablet]]s in hiele bulte funksjonaliteiten fan de pc oernommen hawwe sadat dy wat langer wat minder brûkt wurdt, benammen as it om thúsgebrûk giet.

== Draachbere kompjûters ==
Troch it tanimmende kompjûtergebrûk kamen der njonken de pc oare modellen kompjûters op de merk. De draachbere [[laptop]] waard hieltyd lichter en krêftiger, sadat dy mear en mear brûkt waarden. Sûnt sawat [[2010]] wurdt de noch lichtere [[tablet]]kompjûter in soad brûkt.

== Sjoch ek ==