Kompjûter: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Daam (oerlis | bydragen)
Daam (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
 
== Software ==
* De [[software]] (kompjûterprogrammatuer) foar in kompjûter kin ûnderdield wurde yn in tal kategoryen:
* [[BIOS]], ''Basic Input/Output System'', bestiet út de meast basale funksjes dy’t it oanstjoeren fan ''hardware'' lykas ûnthâld, hurde skiif ensafh. mooglik meitsje. It BIOS wurdt levere yn in [[Read-only memory|ROM-tsjip]], en wurdt start sadree’t de kompjûter oanset wurdt.
* [[Bestjoeringssysteem]], bestiet út ''software'' dy’t it mooglik makket om kompjûterprogramma’s út te fieren. Yn it bestjoeringssysteem sitte alle ûnderdielen dy’t it mooglik meitsje om de BIOS-funksjes te brûken, mar ek foar it oanstjoeren fan râne-apparaten (mei [[Stjoerprogramma|drivers]]), it befeiligjen fan de kompjûter (troch brûkersprofilen te definiearjen en autorisaasje te jaan), en de grafyske omjouwing dy’t it mooglik makket de kompjûter mei mûs en/of toetseboerd te betsjinjen. As bestjoeringssysteem fan persoanlike kompjûters hat [[Microsoft Windows|Windows]] fan [[Microsoft]] it grutste merkoandiel. Oare bestjoeringssystemen binne [[Linux]] (dy’t yn ferskate ''distribúsjes'' (''distro’s''), troch ferskate leveransiers levere wurde, lykas [[Red Hat]], [[SUSE Linux|SUSE]], [[Debian]] en [[Mandriva Linux|Mandrake]]), en it bestjoeringssysteem foar [[Apple Inc.|Apples]] [[Apple Macintosh]] ([[Mac OS]], of it aktuelere [[OS X|Mac OS X]]).
* Services, foar Windows, of [[Daemon (Unix)|Daemons]], foar Unix, binne prosessen dy’t op de eftergrûn draaie foar beskate saken dy’t allegeduerigen aktyf wêze moatte.